Adres Stichting:
J&Mteaterwurk
Noardein 6,
9089BT Wytgaard
Telnr. 06 – 44 28 26 77
E-mail: info@jmteaterwurk.nl

Webside: www.jmteaterwurk.nl
Reknr. NL 70 RABO 0169 9798 49
KvK nr. 54270405
Fiskaal nr. 8512 37 186

Bestjoer:
Lutz Jacobi foarsitter
Fokke Kooistra ponghâlder
Wietske Wiersma skriuwer
Bonne Talsma algemien lid

Beliedsplan Stichting J&Mteaterwurk
De Stichting hat as doel: It ta stân bringen en it útfieren fan kulturele foarstellings en ek it dwaan fan alle fierdere hannelingen dy’t mei it boppesteande yn de romste betsjutting gearhingje of dêrfoar geunstich wêze kinne.
De Stichting besiket har doel ûnder mear stâl te jaan troch sa mooglik elts jier ien of mear foarstellings (ré) te meitsjen om útfieringen te dwaan. De Stichting makket dat de akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma harren ûnderfiningen brûke om teaterproduksjes te meitsjen, dy’t it publyk prikkelje sille. Arendz en Geertsma binne al hast 40 jier aktyf yn de Fryske toanielwrâld as akteur, regisseur, inisjatyfnimmer fan ferskate produksjes en alles wat der mei gear hinget. Jierrenlang yn fêste tsjinst as akteur en aktrise by de Fryske Toanielstifting Tryater, binne sy rûnom tige bekend wurden. De ‘know how’ dy’t beide akteurs hawwe, wurdt troch de Stichting ynset om de Fryske kulturele ûntjowings stimulearjen te bliuwen. Nettsjinsteande de besunigings yn de kulturele sektor fynt de Stichting, dat der wol deeglik in klimaat bestean bliuwt yn Fryslân om lytsskalige foarstellings te meitsjen dy’t ticht by de minsken stean.

It repertoir sil dan ek bestean út stikken dy‘t spesjaal makke wurde foar de ferskate doelgroepen, altyd yn nau ferbân mei Fryslân en it Fryske publyk. De foarstellings dy’t makke wurde, sille altyd ûntstean út wat de gearstaller rekket, yn it moed taast en dwaande hâldt yn relaasje mei de Fryske kultuur, dy’t woartel sjitten hat yn de Fryske maatskippij. De foarstellings sille yn it Frysk spile wurde, mar as it nedich is ek yn de Nederlânske taal. Fryslân is in twatalige provinsje. Foar minsken fan bûten Fryslân, dy’t ynteresse ha foar in foarstelling, sille foar dizze gelegenheid de foarstelling, yn of bûten Fryslân, wis yn it Nederlânsk te sjen wêze. De foarstellings dy’t makke wurde troch J&Mteaterwurk sille foar ferskate leeftiden makke wurde. Sawol basisskoalle – as middelbare skoallelearlingen hearre by de doelgroep. Foarstellings sille plak fine yn û.o. doarpshúzen, kafees, skoallen, musea en skouboargen.

J&Mteaterwurk wol troch in teatrale belibbing de ferbylding yn it hert reitsje en troch dizze ferbylding mooglikheden spegelje en in oare wrâld sjen litte dan dy fan ús of troch ferbylding ús eigen wrâld sjen litte, mar dan oars of op ‘e nij beljochtsje en dêrtroch de besiker prikkelje en útdaagje om nei te tinken oer it ferbylde en de eigen belibbingswrâld en de ferbiningen dêr tusken.


Jierferslach 2012
Yn desimber 2011 is J&Mteaterwurk oprjochte. It jier 2012 is brûkt om subsydzjes oan te freegjen foar it earste projekt ‘Oarlochstriennen’, de website fan J&Mteaterwurk stâl te jaan, in netwurk op te setten fan skoallen, in netwurk op te setten fan ‘Vrouwen van Nu’ en in netwurk fan toanielleafhawwers. Ek is der in mooglikheid om ‘Freon’ fan J&Mteaterwurk te wurden realisearre.
It wie in slim drok jier om’t alles foar it earst goed draaie moast. In protte tariedend wurk om yn 2013 de earste produksje út bringe te kinnen.
Yn 2012 hawwe wy ek in oantal lêzingen oan it fuortset ûnderwiis jûn, wêrnei de tekst fan ‘Oarlochstriennen’ nei oanlieding fan it petear mei de dosinten en de learlingen ferbettere wurde koe. Earst tochten wy oan in foarstelling foar it middelbaar ûnderwiis en in aparte foarstelling foar folwoeksenen, mar dat hoechde net, it die bliken dat de foarstelling tige tagonkelik wie foar beide doelgroepen. Wy ha yn 2012 gearwurke mei Het Verzetsmuseum, dat yn 2013 gearfoege wurdt mei it Fries Museum. It Verzetsmuseum stelt de dvd ‘Tweede Wereldoorlog in Leeuwarden’ beskikber foar it fuortset ûnderwiis. By de foarstellingen yn Tresoar en it Fries Museum wurdt de dvd ek brûkt as ûnderdiel fan de algehiele teaterbelibbing. Mei it Kazemattenmuseum hawwe wy in plan ûntwikkele om de foarstelling dêr yn Kornwerderzand te spyljen mei earst in rûnlieding troch it museum ûnder lieding fan kundige frijwillgers fan it Kazemattenmuseum. Foar de foarstelling by Tresoar hawwe wy de tentoanstelling ‘Liefde in Oorlogstijd’ fan it Nationaal Bevrijdingsmuseum 1944 – 1945 opfrege en hat Tresoar de tentoanstelling ‘Leafde yn Oarlochstiid’ opset. Repetysjeromte krigen wy fan Tresoar.
10 febrewaris 2013
Bestjoer J&Mteaterwurk


Beleanningsbelied bestjoersleden
Konform artikel 4,lid 5 krije de bestjoersleden gjin beleanning of útkearing foar harren wurk.Sy ha wol rjocht op fergoeding foar makke kosten tidens it útoefenjen fan harren funksje, as de ûnkostefergoeding net oermjittich is.

Jierferslach 2013
It jier 2013 hat it earste folle jier fan de Stichting J&Mteaterwurk west, wêryn it earste projekt, nammentlik ‘Oarlochstriennen’ opfierd is.
Yn 2013 hat it bestjoer 6 kear gearsitten. Yn eltse gearkomste ha de finânsjes en it projekt ‘Oarlochstriennen’ oan ‘e oarder west. Oare ûnderwerpen yn ‘e bestjoersgearkomsten wienen û.o.: de sponsoring, de fergoeding foar de spilers, ‘Freonen’ fan J&Mteaterwurk, de premjêre fan ‘Oarlochstriennen’, de kwestje fan de rjochten fan ‘Oarlochstriennen’ en de nij op te setten projekten ‘Sterk Staaltsje’ en ‘It Jubileum’.

Projekt Oarlochstriennen
Yn maart is der úteinset mei de útfiering yn it Kazemattenmuseum en yn oktober wie de lêste foarstelling yn it nije Fries Museum. Alle foarstellings wiene útferkocht en de reaksjes wiene tige posityf. Ek de foarstellings op de skoallen wiene ymposant en makken grutte yndruk op de learlingen. In tsjinfaller wie dat er noch rjochten betelle wurden moasten, wêrop net rekkene wie. Foldienens oer dit projekt oerhearsket dochs en it projekt koe mei in lyts posityf saldo ôfsluten wurde.

Projekt Sterk Staaltsje
Nei in tiid fan tarieding is der yn oktober úteinset mei de útfiering fan ‘Sterk Staaltsje’ yn doarpskafees, m.f.c. ensfh. It besikersoantal farieert fan 50 oan ’t 170. Dizze foarstellings geane troch oan ’t en mei april 2014.

Projekt It Jubileum

Neist de earder neamde projekten is der al in begjin makke mei de tariedings foar it projekt ‘It Jubileum’. In projekt dat giet oer 40 jier teaterwurk fan Marijke Geertsma en Jan Arendz. It skriuwen fan it stik is út ein set. De premjêre stiet op stapel foar de twadde helte fan 2014.

Freonen
 fan J&Mteaterwurk
It is mooglik om ‘Freon’ te wurden fan J&Mteaterwurk. Ultimo 2013 binne sa’n 130 minsken ‘Freon’ wurden. Yn oktober is der foar de ‘Freonen’ in freonegearkomste hâlden yn Boazum, dy’t goed besocht waard troch mear as 100 ‘Freonen’. Troch in Nijsbrief wurde de ‘Freonen’ op ’e hichte brocht fan de ûntjowings, mar dêrneist krije de ‘Freonen’ ek de kâns om de premjêre fan ‘It Jubileum’ by te wenjen.
It bestjoer is tefreden oer it ferslachjier 2013 en posityf oer de takomst. Foaral de grutte ynset fan Marijke en Jan foar de Stichting wurdt neamd en tige wurdearre.
9 maart 2014
Bestjoer J&Mteaterwurk

Jierferslach 2014
Yn 2014 hat it bestjoer 4 kear byelkoar west.
Yn dit jier is ôfskie nommen fan skriuwer Baukje Stavinga en is Wietske Wiersma ús nije skriuwer wurden.
In fêst agendapunt bliuwt de jildelike situaasje, dêrby wurdt tagelyk de stân fan saken besprutsen fan de rinnende projekten.
In grut oantal freonen stypje de Stichting mei in jildbedrach. It oantal freonen groeit moai troch.
Der binne no al mear as 250. Ek wolle wy oandacht jaan oan it grutte tal frywilligers, dy’t harren by de ferskate foarstellings fan ‘It Jubileum’ mei hert en siel ynsette. It bestjoer is hjir tige wiis mei.

Projekt Sterk Staaltsje
De foarstellingsrige fan ‘Sterk Staaltsje’ hat in ferfolch krige yn 2014. De measte foarstellings binne spile yn it earste kwartaal, letter waarden de foarstellings ferspraad oer de rest fan it jier.
De technyk en beljochting wie yn hannen fan Wouter van de Wal.
Dit projekt is mei in posityf resultaat ôfsluten. It hat bêst kâns, dat der ek yn 2015 noch wolris in inkele foarstelling spile wurde sil.

Projekt It Jubileum
Sa as yn it foarrige ferslach al skreaun wie, binne yn 2013 de tariedings al úteinset fan it projekt ‘It Jubileum’. Yn 2014 is der mei in protte enerzjy en ynset oan trochwurke. Dit hat in toanielfoarstelling en in bypassend jubileumboek opsmiten. Spilers binne fansels Marijke Geertsma en Jan Arendz, wylst de rezjy yn hannen wie fan Bruun Kuijt. Technyk en beljochting wurdt dien troch Wouter van der Wal.
De premjêre wie yn oktober yn Boazum. De ‘Freonen’ wiene útnoege om hjir by te wêzen. Hjir is tankber gebrûk fan makke. Fan oktober oant en mei desimber binne in grut tal foarstellings spile. Der wurdt mei tefredenheid werom sjoen op, sawol wat de belangstelling oangiet as ek de reaksjes fan it publyk.
‘It Jubileum’ sil ek noch yn de earste helte fan 2015 spile wurde.
Wat it jild oanbelanget: der wurdt ferwachte, dat it projekt budgettair neutraal ôfsluten wurde kin.
It bestjoer is tefreden oer it ôfrûne jier 2014, wêryn Marijke en Jan harren ek no wer ynspand ha foar de Stichting om der wer in goed jier fan te meitsjen.
De takomst sjocht it bestjoer dan ek posityf temjitte.
30 jannewaris 2015
Bestjoer J&Mteaterwurk

Jierferslach 2015
Yn 2015 hat it bestjoer 3 kear in gearkomste belein.
Yn de gearkomsten komme de rinnende projekten alle kearen oan ’e oarder en wurdt per projekt de finansiële stân fan saken oanjûn.  Dêrneist is konstatearre dat de stichting de pioniersfase ûntgroeid is en dat hat resultearre dat er yn gearwurking mei Jan en Marijke wurkôfspraken opsteld binne.
In grut tal freonen stypje mei in finansiële bydrage de Stichting. It oantal freonen groeit stadich troch. De freonen krije de Nijsbrief en dêr wurdt ien kear yn’t jier foar harren wat spesiaals organisearre.
Yn 2015 is de webside fernijd en mear professionalisearre. Der kinne no ek fia de webside kaarten besteld wurde foar foarstellings en dy kinne dan mei Ideal ôfrekken wurde.

Projekt Skûlje yn Jorwert
Yn dit ferslachjier binne de earste tariedingen dien foar it projekt ‘Skûlje yn Jorwert’. Dizze foarstelling sil yn  april/maaie 2016 spile wurde. In tal oanrinkosten binne yn 2015 betelle. Ferskate subsidiënten binne oanskreun foar in finansiële bydrage oan dizze produksje. Fan de provinsje ha wy al yn 2015 in bydrage krigen. Dêrnjonken binne der ek al tagongskaarten ferkocht oan belangstellenden. Logysker wize wiene de kosten heger as de baten fan dizze produksje yn 2015, dat hat te meitsjen dat de produksje noch yn ûntwikkeling is. Dêrtroch is it begryplik dat der no noch in negatyf resultaat stiet.

Projekt It Jubileum

Ek it ôfrûne jier binne der noch in oantal foarstellings west fan ‘It Jubileum’, wêrnei dit projekt yn juny formeel ôfsletten is. Sa as ferwachte waard, is it projekt ôfsluten mei in lyts posityf saldo fan € 252,–. Dit bedrach is al boekt by de Algemiene Reserves.
Bestjoer J&Mteaterwurk

> download finansjieel oersicht 2015