“Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2017”

Bokwert-veenstra‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’ is in foarstelling oer in gemiddeld Frysk doarp, dat samar ynienen de kâns kriget om yn 2018 Kulturiel Haadplak te wêzen. Je soene ferwachtsje dat elkenien yn grutte ienriedigens him der efter set, mar yn de praktyk blykt dat der ûnderling grutte mieningsferskillen binne. Krektlyk  sa ‘t dat ek by Ljouwert KH2018 oan ’e hân is.
Moat der yn Bokwert ek in fontein? Is de skries de iennige fûgel dy’t bedrige wurdt? Is in doarpsfeest kultureel erfgoed?

‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’ giet ek oer ûnderlinge ferhâldingen, persoanlike ferhalen, konflikten en oer hjoeddeiske stribbeligen.
It wyklikse ferhaal ûnder de namme Bokwert waard yn de jierren ’70 betocht troch skriuwer/ journalist Rink van der Velde (1932-2001). It waard publisearre yn de Ljouwerter Krante. Van der Velde beskreau hy gearkomsten in Feriening fan Doarpsbelang yn in net besteand doarp, in mienskip dy’t miende altyd opbokse te moatten tsjin de ‘Hoofdplaats’. It Nederlânsk dat de Bokwerters dêrby brûke stiet stiif fan de frisismen en komt dêrtroch by de minsken hilarysk oer.

‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’ is tagelyk de kronyk fan in Frysk doarp, oer hoe’t it wie en hoe‘t it is en dêr’t it mienskipsgefoel ûnder druk stiet troch nijmoadrige ynfloeden.Dizze humoristyske foarstelling mei tragykomyske eleminten is skreaun troch Bonne Stienstra en wurdt spile troch Jan Arendz en Marijke Geertsma. Sy nimme  elk trije rollen foar harren rekken. Fierders docht Anneke Hondema mei. De regy is fan Bruun Kuijt.

De foto’s binne fan PDFotografy/Pyt Douma útsein de foto fan it plaknammeboerd Bokwert dy’t makke is troch Cees Veenstra.