‘Doubt’ wurdt ‘Twifel’.

De ideeën en ynspiraasje foar ‘Twifel’ kamen doe’t sy de film ‘Doubt’ seagen. Sy koenen it toanielstik al en nei it sjen fan de film seagen Jan en Marijke mooglikheden om it stik út te wreidzjen nei in iepenloftspul.Jan en Marijke krigen de kâns om harren idee foar it stik te presintearjen. Mei súkses: de kommisje stie efter it plan en efter Jan en Marijke as regisseurs. Lykwols besleat de kommisje foar de start fan it nije iepenloftseizoen om it jier 2014 oer te slaan. Gelokkich wienen Jan en Marijke ree om ‘Twifel’ yn 2015 op te fieren. Begjin dit jier binne de repetysjes fan Twifel út ein set en ûnderwilens ha de foarstellingen al te sjen west yn Dronryp en elkenien wie ûnder de yndruk fan it stik en it spyljen.

‘Twifel’ spilet him ôf yn it Katholike fermidden en it giet oer (machts) misbrûk. De lêste jierren is wol gauris yn it nijs, dat der bern misbrûkt wurde troch folwoeksenen. Jierrenlang hat dêr in taboe op lein en noch is it net maklik om de wierheid boppe tafel te krijen. As de jonge non Beatrice trochskimerje lit oan har meardere – de âldere non Agaath-, dat pastoar Blom wol wat hiel folle oandacht hat foar ien spesiale learling, slacht de twifel ta. Is der yndie wat oan’e hân of bekommert pastoar Blom him allinne mar om Ronald sûnder bybedoelings omdat dy jonge it thús net maklik hat? Der ûntstiet in striid tusken begryp en ûnbegryp en wa docht wa ûnrjocht oan?

Prachtige rollen

‘Twifel’ is in stik mei prachtige rollen. Der sitte in pear grutte rollen yn it stik, mar ek de lytsere rollen binne hiel wichtich foar de sfear fan it stik. It stik spilet him ôf op ferskillende lokaasjes lykas in tsjerke, skoalle en bûtenlokaasje. It dekôr is troch ûntwerper Tom Reeders sa makke dat al dy lokaasjes sichtber binne en de sênes floeiend yn elkoar oer rinne kinne. De klean, ûntwurpen troch Johan Prosje, drage by oan in sfearfol gehiel. Popkoar FromUs en it koar Schola Cantorum Frisiae spylje in wichtige rol yn it stik. Beide sjonge a kapella. De froulju fan FromUs foarmje it tsjerkekoar en soargje foar moaie oergongen tusken de sênes. De Gregoriaanske lieten fan Schola Cantorum Frisiae slute prachtich oan by de teematyk fan it stik.

Yn de media

‘Twifel’ is woansdei 10 juny yn premjêre gien en de parse wie tige te sprekken oer de foarstelling. De Ljouwerter Krante hie as kop: “It gif fan de twifel mei nuânse” en skreau: “It is skriuwer John Patrick Shanley slagge om mei it stik Twifel mannich teater-en filmbesiker op it puntsje an de stoel te krijen. Yn Dronryp is dat net oars”. En it Friesch Dagblad hie as kop: “In Godshûs mei twifel yn Dronryp” en skreau: “Men wurdt hielendal wekker skodde yn in wrâld dy’t sletten oerkomt.”