Bokwert op radio en tv

Op 28 septimber hat Omrop Fryslân Televyzje opnamen makke by de foarstelling yn it doarpshûs fan Ysbrechtum. Mear dêroer? Bokwert yn de media Dêr binne ek oare mediasaken om Bokwert hinne te finen.

SPYLLIST BOKWERT

Op 4 febrewaris 2018 (15.00 oere) is der in ekstra foarstelling yn it Posthuis op it Hearrenfean. Op 10 febrewaris is der in foarstelling yn Warns bykommen. Nije foarstellings binne op 2 maart yn Holwert en 10 maart yn Terkaple.

Hjir fine jo mear ynfermaasje oer begjintiid en it bestellen fan kaarten, klikke jo mei de mûs op dizze reade rigel.

19 jan. Boalsert It Marneteater
26 jan. De Gerdyk De Skâns
27 jan. Hijum De Kampioen
28 jan. Frentsjer De Koornbeurs
03 febr. Swol It Anker
04 febr. It Hearrenfean Posthuis
10 febr. Warns De Spylder
02 ma. Holwert De Ynset
10 ma. Terkaple It Heechein

Bokwert-veenstra

‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’ is in foarstelling oer in gemiddeld Frysk doarp, dat samar ynienen de kâns krijt om yn 2018 Kulturiel Haadplak te wêzen. Men soe ferwachtsje dat elkenien yn grutte ienriedigens him der achter set, mar yn de praktyk docht bliken dat der ûnderling grutte mieningsferskillen binne, sa as dat by Ljouwert KH2018 ek oan ‘e hân is. Moat der yn Bokwert ek in fontein komme? Is de skries de iennige fûgel dy’t bedrige wurdt? Heart in doarpsfeest ta it ‘culturele erfgoed’? ‘Bokwert’ giet net allinnich om de “eer van Culturele Hoofdplaats”, mar ek oer ûnderlinge ferhâldingen, persoanlike ferhalen, oer konflikten en ûnderlinge strubbelingen. (Foto Cees Veenstra)

knop_mearynfo