Us Man

De foarstelling US MAN is skreaun troch Youp van ’t Hek. Yn de twa sjogge froulju werom- en foarút op harren relaasje. Yn diel ien riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: de froulju binne namentlik beide de eks fan deselde man, dy’t no op ’e nij trouwe sil. Yn diel twa sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún. Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fenyn en de humor wurdt de betizing folslein. Dizze tige humoristyske frysktalige foarstelling waard spile troch Anneke Hondema, Titia Huisman en Wybe Koldyk. Ien fan de beide stikken is oerset troch Marijke, de oare troch Gurbe Dykstra. Jan die fan beide de rezjy. De muzyk is fan Sake Hylkema…

Fêste Grûn

Jan Arendz, Marijke Geertsma komme mei gitarist Eddie Mulder mei in nije foarstelling, skrean troch Tjeerd Bischoff: Fêste Grûn.
De foarstelling giet oer Renate, in sjoernaliste út ’e stêd, dy’t troch in ûngelok mei de auto yn kontakt komt mei Rein, in boer fan’t plattelân. Se reitsje oan ’e praat en it docht bliken dat se it goed fine kinne. Rein is widner en wrakselt mei de stikstofproblematyk en de opfolging fan de pleats. Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje.Sy ha ferskillende achtergrûnen, binne nijskjirrich nei elkoar en ferlieze harsels yn de blik fan dy oar. En troch de eagen fan dy oar, begjinne sy op ‘e nij te sjen nei harren eigen libben. “Fêste Grûn is in hertstochtelik ferhaal oer leafde en feroaring.”

Fêste Grûn