Jammerlijck Klaachlied

Jan en Marijke dogge yn Warkum mei oan de foarstelling “Een Jammerlijck Klaachlied”, dy’t spile wurdt yn de Gertrudistsjerke fan Warkum op 1 en 2 juny jûns 20.45 oere. Dit projekt fan de LF2018-rige “Ûnder de Toer” is in idee fan Frits Boersma.
It stik giet oer Caspar de Robles en skipper Hendrik Spruyt en spilet yn 1574. Jan Arendz is Caspar de Robles en Thijs Feenstra spilet de boargemaster fan doe Frederik van Inthiema fan Warkum. Fierders  dogge mei it Frysk Fanfare Orkest, jazzkwartet Talking Cows en it koar Sjongsum út Warkum en sopraan Tineke Rozeboom en ek noch in tal Spaanske muzikanten en ek noch in tal figuranten. Alles foarsjoen fan filmbylden. Marijke Geertsma docht de regy en produksje.
Caspar de Robles (bekend fan it byld op’e seedyk by Harns) is yn de skiednis fan de Spaanske oerhearsking fan ús lân de man mei de twa gesichten. Oan’e iene kant docht hy in hiele protte goeds.Hy is ien fan de earste minsken dy’t soarget dat Nederlân fersterking fan de diken kriget en sa der net ûnderstrûpt as it wetter omheech  komt. In grut probleem troch de iuwen hinne. Mar dat opheegjen fan de diken koste ek doe al in protte jild. Caspar lykwols ek in oertsjûge Spaanske Katholyk. Hy hie it net sa op minsken fan in oar leauwe. Hy en syn mannen pakke dan ek de menist Hendrik Spuyt op, pakke syn jild ôf en jeie him de dea yn.
Ynfermaasje oer de foarstellings en de kaartferkeap is te krijen op http://www.hetfilmverhaal.nl.
Der is ek in trailer te finen op it ynternet: https://youtu.be/KPaGaYWdwvs.