Wat fynt men fan “It wie op in simmerjûn”?

De resensjes fan it nije stik dat spile wurdt Jan Arendz en Joke Tjalsma.

© Rene den Engelsman



18 januari 2019, pag. 28

GEWIKT & GEWOGEN

De libbensein sa licht
as in fear ynkleurd

 

Barren: toanielfoarstelling It wie op in simmerjûn fan Bouke Oldenhof Spilers: Joke Tjalsma en Jan Arendz Regy: Jos Thie

Sjoen: 16/1 yn Theater Sneek yn Snits

Publyk: útferkocht Noch te sjen: 18/1 o/m 25/3

★★★★✩

In lytse húskeamer. Dat is de beheinde wrâld fan it âlde stel Daniël en Wimmy. Hy kin hast net mear rinne, sy strompelet troch har ûnthâld want slachter Demintens docht syn wurk. It fersoargingstehûs leit op ’e loer.
Mar at jo no net ôfhinklik wurde wolle fan oaren, wat dan? Tegearre libje, dan ek tegearre stjerre, dat is it beslút fan it pear. Mar earst noch ienris dûnsje op de muzyk fan it draaioargel dat Daniël boud hat.
Dochter Anneke en har nije leafde Theo besykje mei de dilemma’s dy’t op harren paad komme om te gean. Sy docht dat gefoelsmjittich, hy tige rasjoneel. Dochs mar dat fersoargingshûs? Of moatte sy har âlden yn ’e hûs nimme?
Bouke Oldenhof hat mei It wie op in simmerjûn in prachtstik skreaun, basearre op wierbarde anekdotes. Oer werkenbere tema’s en werkenbere minsken. Wy hawwe allegearre buorlju as Daniël en Wimmy, as Theo en Anneke.
It is slagge om in swierwichtich ûnderwerp as de libbensein sa licht as in fear yn te kleurjen. De dialogen kidelje oan ien tried wei de mûlshoeken, wy laitsje om samar te sizzen om de dea. Ek de foarm is tige nijsgjirrich: twa akteurs spylje beide pearen, in fikse útdaging.
Spektakelregisseur Jos Thie bewiist ek op de fjouwerkante sintimeter dat hy yl yn ’e hannen hat. Want hy set syn twa spilers oan ta grutte prestaasjes. Joke Tjalsma is fenomenaal yn har transformaasje fan de mem yn har bernskens nei de wifkjende, sykjende dochter en wer werom. It toanielljocht feroaret, en sjoch, dêr stiet wer in oar personaazje mei in oare hâlding en in oare stim. Knap hear!
En Jan Arendz jout moai tsjingas. Ek syn krimminearjende mar dominante Daniël en syn trochpakkende Theo wurde oannimlik tekene. En hy krijt in iepen doekje at hy dat âlde liet It wie op in simmerjûn mei ynmoed sjongt.
It publyk libbet mei, laket, is mûsstil, koartsein, genietet folop. It is dêrom spitich dat de ein fan it stik wat oanfielt as in antyklimaks. As woene de skriuwer en de regisseur noch eefkes wat losse triedsjes byinoar breidzje. Jo moatte de taskôger fansels net ûnderskatte. Mar fierder: hulde foar dit nije wurkstik fan Pier 21 mei tal fan râneprogramma’s.

GOOITSEN EENLING

© Rene den Engelsman

Ek de Theaterkrant wie ûnder de yndruk.

“Onverschrokken de dood tegemoet treden, dat is wat Daniël en Wimmy in zekere zin doen. Ze houden nog steeds zielsveel van elkaar en hebben welbeschouwd nog een mooi leven, maar de ouderdomskwaaltjes nemen toe. Daniël heeft moeite met de stoelgang en kan de wc niet halen zonder zijn rollator, Wimmy wordt steeds vergeetachtiger. Zijn grootste angst is niet de dood, die durft hij recht in de ogen te kijken. Het idee dat hij zijn Wimmy alleen achter moet laten, dat baart hem grote zorgen.”

Lêz hjir mearr