De man fan dyn libben

J&Mteaterwurk bringt nei de simmer fan 2019 in nij stik op ‘e planken.  “De man fan dyn  libben” is in oersetting fan it stik dat Arthur Japin makke hat op basis fan syn boek út  2013. It is it ferhaal fan de slim sike Tilly dy’t net wol dat har man allinnich achterbliuwt. Sy siket in goede froundinne foar him en as dy op besite komt docht bliken dat beiden mekoar al hiel goed kenne. De trije rollen wurde spile troch Marijke Geertsma, Anke Bijlsma en Jan Arendz.

Oer de personaazjes

Tilly
Tilly is een nochtere frou dy’t wend is de toukes yn hannen te hawwen. No’t sy siik is en der efter kaam is dat har man har bedonderet, is sy foar
it earst echt de kontrôle kwyt. Sy hat it bêste mei har man foar.
Sy is in waarme frou, al hat sy har fertriet en is it dreech foar har om ôfskie te nimmen fan dit libben.

Marius
Markus is in nochal nochtere, in bytsje saaie, deagewoane man. Hy is akademikus en syn affêre past eins hielendal net by syn mylde, brave karakter. Markus is in man dy’t himsels sûnder frou net hiel goed rêde kin yn syn libben.

Iris
Iris is in wat ferbittere frou ,dy’t alles yn har libben wol op ’e rit hat,
útsein de leafde. Iris hat wol wat skerpere karaktereigenskippen as Tilly – miskien om’t sy de leafde úteinlik net echt fûn hat – mar sy liket wol in protte op har. Iris is intelligent. Sy giet selsstannich mar ek ûnseker troch it libben.

Oer Arthur Japin

Arthur Japin (1956) woe yn syn bernejierren sa út en troch graach in oar wêze. Hy waard peste, geastlik mar ek lichaamlik mishannele en hy siet yn in isolemint. Dat pesten gie troch oan’t hy sechstjin jier waard. It skeppen fan in fantasy wrâld, it flechtsjen út de realiteit, wie in manyr om te oerlibjen.
De leafde foar it toaniel siet der al jong yn. Arthur gie nei it gymnasium yn Haarlem nei it gymnasium nei Londen, om dêr in oplieding te folgjen oan de toanielskoalle: The School of Dramatic Arts. Werom yn Amsterdam studearre hy twa jier Nederlânske taal- en letterkunde en stapte dêrnei oer nei de klienkeunst akademy. Yn 1982 studearre hy hjir ôf.
Hy spile rollen foar radio, film en telefyzje (bygelyks yn de film “Flodder“, de telefyzjesearjes “Goede tijden, slechte tijden en “Onderweg naar morgen) en op it toaniel by ûnder oaren Toneelgroep Centrum en de Theaterunie.
Yn 1987 ûntduts hy it histoaryske, mar oant dan ta ûnbekende ferhaal fan twa jonge Afrikaanske prinzen dy’t yn it njoggentjinde-iuwske Nederlân as Hollânske bern opfierd waarden. Hy hâlde op mei toanielspyljen en begûn te skriuwen. Undertusken skreau hy ferskate koarte ferhalen, harkspullen, toanielstikken en telefyzjefilms en debutearre hy yn 1996 mei de ferhalebondel “Magonische verhalen”.
Syn debút waard folop priizge yn de literêre kritiken, mar hy bruts pas troch by in grut publyk mei syn twadde boek, it ferhaal fan de twa prinskes: de roman “De zwarte met het witte hart”, dat oeral op ‘e wrâld oerset waard en dat ynternasjonaal priizge wurdt.
“De man van je leven” is fan 2013 en letter troch Japin sels bewurke ta in toanielstik.