De resinsjes fan “De man fan dyn libben”

De resinsjes fan it stik dat Marijke, Anke en Jan op it stuit op de planken sette, binne optein. In pear sitaten.

Sytse de Vries yn de Ljouwerter Krante:
“In deasike frou dy’t net wol dat har man aanst allinne oerbliuwt en al foar har dea op syk giet nei in opfolger fan harsels. Safolle ûnselssuchtichheid, it liket hast te moai om wier te wêzen. En dat is it dus ek. Want De man fan dyn libben fan Arthur Japin is in klucht en dêryn is alles no ienkear oars as it op it earste gesicht liket. (…) Fan de trije spilers is Anke Bijlsma, as fêste wearde yn toanielselskip Achmea Culpa, dejinge mei de measte ûnderfining yn it kluchtige sjenre. Spilet se dêr meast typkes of personaazjes dy’t dêr tsjinoan hingje, yn De man fan dyn libben bliuwt se tichter by harsels. En dat pakt goed út. Se wit presys hoe’t se in sintsje pleatse moat om de humor yn de tekst fan Japin syn gerak te jaan. (…) Marijke Geertsma spilet foaral it kontrast tusken de mominten dat se sterk wêze wol en de mominten wêryn’t de pine opspilet goed út. Jan Arendz is net in akteur dy’t de ‘lach aan de kont’ hinget, mar de trochsichtige ligerij fan Marius komt by him goed ta syn rjocht. Mei har trijen steane se garant foar in lichte toanieljûn oer in swier tema.”

Rynk Bosma yn de Moanne:
“It is de tsiende foarstelling fan regisseur Bruun Kuijt mei Arendz en Geertsma en ek yn dizze foarstelling leit de klam op it fertellen fan in ferhaal. Wat dat oanbelanget is it dus in klassike foarstelling dy’t de minsken in hiele jûn yn de besnijing hâldt. Om dy reden kin hjir ek neat sein wurde oer hoe’t it ferhaal ôfrint. It is just dy spanning fan hoe’t it ferhaal ôfrinne sil, dy’t it ta in moaie foarstelling makket. (…) It is in foarstelling wêryn wurden in web weve fan hannelingen dy’t allegearre yn elkoar gripe. Mar gjinien wit wa’t no eins de spin yn dat web is. Dat makket de foarstelling mear spannend as tragysk, mear grappich as somber, ek al komt it byld fan de dea dy’t tichteby komt nea fier fuort is.(…) Dat alles makket fan de foarstelling in hilarysk en spannend gehiel mei in soad dûbele wierheden. Mei de spannende fraach wa fan de trije de measte takomst hat, de sike Tilly dy’t eins sûnder takomst is en no nei de wite skelpen op it strân sjocht. Dat yn de wittenskip dat de dei tichteby is dat sy dy skelpen nea wer sjen sil, wylst se der altiten al leinen. Of de twa oaren, Iris en Marius, dy’t in takomst ha mar net witte hoe’t dy der útsjocht. Wraak en wille mei de fêststelling dat ‘oergeunst de iennige sonde is sûnder wille’.”

Wiggele Wouda skriuwt yn it Frynk Deiblêd ûnder de kop “Komedie slaat uiteindelijk ankers in hart en ziel”:
“Driehoeksverhouding, je hebt ze in alle maten en soorten. Maar het soort waarin het in De man fan dyn libben om draait, is er een om bij stil te staan. Maar niet lang want voordat je het weet ben je het spoor bijster in dit stuk; over wie gaat het nu eigenlijk en wie spelen ze nu? Het levert wel een genoeglijke tragikomedie op, met in het slotdeel een opmerkelijke gevoelservaring.” Benammen it bedriuw nei it skoft rekket de resinsint yn it hert: “De komedie kantelt dan en slaat ankers in hart en ziel. De wijze waarop Geertsma dat in haar monoloog samenbrengt is zéér indrukwekkend. Zij verheft op dat moment dit toneelstuk tot een buitengewoon hoog niveau.”

Henk van der Veer (GrootSneek):
“It dekôr is sober mar passend. De prúk dêr’t Tilly en letter Iris mei omboartet is prachtich (Arjen van der Grijn!) en echt. De taal dy’t de akteurs brûke liket net op boeketaal, it is libben en echt. Gjin flau benul hoe’t Arthur Japin dizze foarstelling ûndergien hat, mar hij mei it Frysk miskyn wol net ferstean, mar hat it grif begrepen. Soks is in komplimint oan spilers en regisseur Bruun Kruijt!”

Thijs de Boer fan de Lemmer (Lemster Krante):
“Monsterachtig hoe ze alle drie hun emoties uiten en tegelijkertijd proberen te camoufleren. Ademloos en met veel respect heb ik deze onvergetelijk voorstelling gevolgd, die geen moment heeft verveeld. Koude rillingen en ontroering.”