Mear oer Frâns Faber

Miskien kenne jim Frâns Faber noch wol. Hy makke earder jierrenlang de prachtige tekeningen foar de âldjiersbylage op de lêste side fan de Ljouwerter Krante op 31 desimber.
Frâns tekent en skildert al syn hiele libben en makket ek portretten; hy hat de poster fan Echt Wier! tekene.
Frâns docht mei oan de foarstelling Echt Wier!
Frâns sil dan tidens de foarstelling tekenje, mar ek muzyk meitsje.
Marrrr… Frâns makket ek portetten fan it publyk!!!
Wolle jo ek graach tekene wurde troch Frâns op de jûn dat wy spylje?
Dat kin. Echt wier!!! Fan in oere foar de foarstelling ôf en in oerke nei de foarstelling kinne jo jo tekenje litte troch Frâns. Dat wurdt dan in portretsje fan jo sels, it wurdt gjin karikatuur sa as de poster!
Hjirfoar kinne jo dan in frijwillige bydrage dwaan yn in pot dy’t op tafel komt te stean.
Oanmelde kin allinne op de jûn sels by ien fan ús minsken fan J&M Teaterwurk.
Jo begripe wa’t it earst komt, is ek it earst oan de beurt.