Echt Wier! kin besjen lije

De foarstelling US MAN is skreaun troch Youp van ’t Hek. Yn de twa sjogge froulju werom- en foarút op harren relaasje. Yn diel ien riede twa froulju harren yn in hotelkeamer ta op in taspraak, dy’t se hâlde sille op de brulloft fan harren eks-man: de froulju binne namentlik beide de eks fan deselde man, dy’t no op ’e nij trouwe sil. Yn diel twa sitte twa froulju op in waarme neimiddei wyn te drinken yn de tún. Se prate oer harren man sa’t allinne froulju dat kinne. Mar mei de man derby wurde de ferhâldingen op skerp steld. Troch it fenyn en de humor wurdt de betizing folslein. Dizze tige humoristyske frysktalige foarstelling wurdt spile troch Anneke Hondema, Titia Huisman en Wybe Koldyk. Ien fan de beide stikken is oerset troch Marijke, de oare troch Gurbe Dykstra. Jan docht fan beide de rezjy. De muzyk is fan Sake Hylkema…

De stille trompet

Njonken de eigen foarstelling Echt Wier! binne Jan en Marijke ek noch warber mei oare kulturele saken. Bygelyks mei de famyljefoarstelling DE STILLE TROMPET. Jan is in muzykynstrumentemakker, dy’t in prachtige trompet makket, mar as dy hielendal klear is, komt der gjin lûd út! Hy giet op syk nei immen dy’t dat wol slagget… De famyljefoarstelling heart by it festival “Overmorgen” en is fan 3 septimber oant en mei 1 oktober te sjen yn de fiif skouboargen fan Fryslân, alle kearen op sneontemiddei om 14.30 oere.

Portret troch Hâns Faber

By elke foarstelling fan Echt Wier! is it mooglik om in portret meitsje te litten troch Hâns Faber. It sil gjin karikatuer wurde, mar wol de eigen ynterpretaasje fan de makker. It kin in oere foar en nei de foarstelling. Oanmelde fia jmteaterwurk@hotmail.com en wat it earst is, komt ek it earst oan bar.