It wie op in Simmerjûn

Jan Arendz spilet it oare jier mei de fan toaniel, film en televyzje bekende actrice Joke Tjalsma (berne yn Nijlân, opgroeid yn Snits, mar sy wennet no yn Amsterdam) it stik “It wie op in Simmerjûn”. Dit stik is skreaun troch Bouke Oldenhof en de regy is fan Jos Thie. It is in produksje fan Pier21. It ferhaal giet oer Theo en Anneke dy ’t elkoar op lettere leeftyd fûn ha. Theo helpt sa goed as er kin by it finen fan in noflik plak yn in fersoargingstehûs foar Anneke har heit en mem, Daniël en Wimmy. Dy binne op in leeftyd dat sy allang net mear op ‘en paad kinne mei Daniël syn grutte hobby, it draaioargel. Mar Daniël en Wimmy wolle net ôfhinklik wurde en ha hiele oare plannen. Tegearre wolle sy út it libben stappe, nei in lêste dûns op “It wie op in simmerjûn”. De première is op 16 jannewaris yn Theater Sneek.
Hjir komme jo op de spyllist

Een Jammerlijck Klaachlied

De foarstelling “Een Jammerlijck Klaachlied”, dy’t op 1 en 2 juny spile waard yn de Gertrudistsjerke fan Warkum is goed ûntfongen. Dit projekt fan de LF2018-rige “Ûnder de Toer” nei in idee fan Frits Boersma, gie oer Caspar de Robles en skipper Hendrik Spruyt en spile yn 1574. De Ljouwerter Krante neamde it stik in “onvergetelijke geschiedenisles”. Jan Arendz wie Caspar de Robles en Thijs Feenstra spile de Warkumer boargemaster fan doe, Frederik van Inthiema. Fierders  diene mei it Frysk Fanfare Orkest, jazzkwartet Talking Cows en it koar Sjongsum út Warkum en sopraan Tineke Rozeboom en ek noch in tal Spaanske muzikanten en ek noch in tal figuranten. En dat alles begelaadt mei filmbylden. Marijke Geertsma wie ferantwurdlik foar de regy en de produksje.

Jan Arendz fertelt it Snitser ferhaal

De frijwilligers fan JM Teaterwurk binne wichtige stipers fan Jan en Marijke. Hja skewiele it stel  net allinich op allerhanne mêd, mar jouwe ek altyd wichtige reaksjes. Derom waard yn septimber in boattocht hâlden. By deiljocht waard ôfset en by tsjutser kaam de Toerist wer yn Snits foar de wal. It wie sa gesellich dat Jan en akkordeonist Jappy Kooistra spontaan in Italiaanske opera-aria songen.

"Freonen" út te farren

Jan Arendz sil 9 novimber it ferhaal fan Snits fertelle, in ferhaal dat makke is troch dirigent/saxofonist Jan Brens en fansels yn grutte halen in muzikaal oersjoch fan de history fan de stêd fan de Wetterpoarte biede sil. De uitfiering fan dit projekt is op freed 9 november 2018 om 20.00 oere yn de Oosterkerk oan de Leeuwarderkade.Sopraan Jannet Rienks fersoarget de soli. It Fries Blazers Ensemble bringt ferskate aksinten oan. De organisaasjee is yn hannen fan it Súdwestkoor mei toetsenist Jan Moens. De Vereniging Historisch Sneek hat ôfbieldings fan ferskate lokaasjes beskikber steld. Shantykoor “De Brûskoppen” (Skearnegoutum) komt efkes del en spilet in rol yn it stuk.

knop_mearynfo