It stik
Oer de personaazjes
TillyTilly is een nochtere frou dy’t wend is de toukes yn hannen te hawwen. No’t sy siik is en der efter kaam is dat har man har bedonderet, is sy foar it earst echt de kontrôle kwyt. Sy hat it bêste mei har man foar. Sy is in waarme frou, al hat sy har fertriet en is it dreech foar har om ôfskie te nimmen fan dit libben.
Marius
Markus is in nochal nochtere, in bytsje saaie, deagewoane man. Hy is akademikus en syn affêre past eins hielendal net by syn mylde, brave karakter. Markus is in man dy’t himsels sûnder frou net hiel goed rêde kin yn syn libben.
Iris
Iris is in wat ferbittere frou ,dy’t alles yn har libben wol op ’e rit hat, útsein de leafde. Iris hat wol wat skerpere karaktereigenskippen as Tilly – miskien om’t sy de leafde úteinlik net echt fûn hat – mar sy liket wol in protte op har. Iris is intelligent. Sy giet selsstannich mar ek ûnseker troch it libben.
Oer Arthur Japin
Arthur Japin (1956) woe yn syn bernejierren sa út en troch graach in oar wêze. Hy waard peste, geastlik mar ek lichaamlik mishannele en hy siet yn in isolemint. Dat pesten gie troch oan’t hy sechstjin jier waard. It skeppen fan in fantasy wrâld, it flechtsjen út de realiteit, wie in manyr om te oerlibjen.
De leafde foar it toaniel siet der al jong yn. Arthur gie nei it gymnasium yn Haarlem nei it gymnasium nei Londen, om dêr in oplieding te folgjen oan de toanielskoalle: The School of Dramatic Arts. Werom yn Amsterdam studearre hy twa jier Nederlânske taal- en letterkunde en stapte dêrnei oer nei de klienkeunst akademy. Yn 1982 studearre hy hjir ôf.
Hy spile rollen foar radio, film en telefyzje (bygelyks yn de film “Flodder“, de telefyzjesearjes “Goede tijden, slechte tijden“ en “Onderweg naar morgen“) en op it toaniel by ûnder oaren Toneelgroep Centrum en de Theaterunie.
Yn 1987 ûntduts hy it histoaryske, mar oant dan ta ûnbekende ferhaal fan twa jonge Afrikaanske prinzen dy’t yn it njoggentjinde-iuwske Nederlân as Hollânske bern opfierd waarden. Hy hâlde op mei toanielspyljen en begûn te skriuwen. Undertusken skreau hy ferskate koarte ferhalen, harkspullen, toanielstikken en telefyzjefilms en debutearre hy yn 1996 mei de ferhalebondel “Magonische verhalen”.
Syn debút waard folop priizge yn de literêre kritiken, mar hy bruts pas troch by in grut publyk mei syn twadde boek, it ferhaal fan de twa prinskes: de roman “De zwarte met het witte hart”, dat oeral op ‘e wrâld oerset waard en dat ynternasjonaal priizge wurdt.
De resinsjes yn de media
De resinsjes fan it stik dat Marijke, Anke en Jan op de planken set ha, wiene optein. Earst in pear sitaten út de media.
Sytse de Vries yn de Ljouwerter Krante:
“In deasike frou dy’t net wol dat har man aanst allinne oerbliuwt en al foar har dea op syk giet nei in opfolger fan harsels. Safolle ûnselssuchtichheid, it liket hast te moai om wier te wêzen. En dat is it dus ek. Want De man fan dyn libben fan Arthur Japin is in klucht en dêryn is alles no ienkear oars as it op it earste gesicht liket. (…) Fan de trije spilers is Anke Bijlsma, as fêste wearde yn toanielselskip Achmea Culpa, dejinge mei de measte ûnderfining yn it kluchtige sjenre. Spilet se dêr meast typkes of personaazjes dy’t dêr tsjinoan hingje, yn De man fan dyn libben bliuwt se tichter by harsels. En dat pakt goed út. Se wit presys hoe’t se in sintsje pleatse moat om de humor yn de tekst fan Japin syn gerak te jaan. (…) Marijke Geertsma spilet foaral it kontrast tusken de mominten dat se sterk wêze wol en de mominten wêryn’t de pine opspilet goed út. Jan Arendz is net in akteur dy’t de ‘lach aan de kont’ hinget, mar de trochsichtige ligerij fan Marius komt by him goed ta syn rjocht. Mei har trijen steane se garant foar in lichte toanieljûn oer in swier tema.”
Rynk Bosma yn de Moanne:
“It is de tsiende foarstelling fan regisseur Bruun Kuijt mei Arendz en Geertsma en ek yn dizze foarstelling leit de klam op it fertellen fan in ferhaal. Wat dat oanbelanget is it dus in klassike foarstelling dy’t de minsken in hiele jûn yn de besnijing hâldt. Om dy reden kin hjir ek neat sein wurde oer hoe’t it ferhaal ôfrint. It is just dy spanning fan hoe’t it ferhaal ôfrinne sil, dy’t it ta in moaie foarstelling makket. (…) It is in foarstelling wêryn wurden in web weve fan hannelingen dy’t allegearre yn elkoar gripe. Mar gjinien wit wa’t no eins de spin yn dat web is. Dat makket de foarstelling mear spannend as tragysk, mear grappich as somber, ek al komt it byld fan de dea dy’t tichteby komt nea fier fuort is.(…) Dat alles makket fan de foarstelling in hilarysk en spannend gehiel mei in soad dûbele wierheden. Mei de spannende fraach wa fan de trije de measte takomst hat, de sike Tilly dy’t eins sûnder takomst is en no nei de wite skelpen op it strân sjocht. Dat yn de wittenskip dat de dei tichteby is dat sy dy skelpen nea wer sjen sil, wylst se der altiten al leinen. Of de twa oaren, Iris en Marius, dy’t in takomst ha mar net witte hoe’t dy der útsjocht. Wraak en wille mei de fêststelling dat ‘oergeunst de iennige sonde is sûnder wille’.”
Wiggele Wouda skriuwt yn it Frysk Deiblêd ûnder de kop “Komedie slaat uiteindelijk ankers in hart en ziel”:
“Driehoeksverhouding, je hebt ze in alle maten en soorten. Maar het soort waarin het in De man fan dyn libben om draait, is er een om bij stil te staan. Maar niet lang want voordat je het weet ben je het spoor bijster in dit stuk; over wie gaat het nu eigenlijk en wie spelen ze nu? Het levert wel een genoeglijke tragikomedie op, met in het slotdeel een opmerkelijke gevoelservaring.” Benammen it bedriuw nei it skoft rekket de resinsint yn it hert: “De komedie kantelt dan en slaat ankers in hart en ziel. De wijze waarop Geertsma dat in haar monoloog samenbrengt is zéér indrukwekkend. Zij verheft op dat moment dit toneelstuk tot een buitengewoon hoog niveau.”
Henk van der Veer (GrootSneek):
“It dekôr is sober mar passend. De prúk dêr’t Tilly en letter Iris mei omboartet is prachtich (Arjen van der Grijn!) en echt. De taal dy’t de akteurs brûke liket net op boeketaal, it is libben en echt. Gjin flau benul hoe’t Arthur Japin dizze foarstelling ûndergien hat, mar hij mei it Frysk miskyn wol net ferstean, mar hat it grif begrepen. Soks is in komplimint oan spilers en regisseur Bruun Kruijt!”
Thijs de Boer fan de Lemmer (Lemster Krante):
“Monsterachtig hoe ze alle drie hun emoties uiten en tegelijkertijd proberen te camoufleren. Ademloos en met veel respect heb ik deze onvergetelijk voorstelling gevolgd, die geen moment heeft verveeld. Koude rillingen en ontroering.”
Reaksjes fan it publyk
Ek kamen der by Jan en Marijke (en fansels Anke) reaksjes fan it publyk. In tal foarbylden:
In taskôger: Prachtig spile, vrijdag in het Posthuis, mooi verhaal, we ha genoten.
In taskôger: Wy hawwe yn Oostergo in skitterende joun hawn… dankjewol.
In taskôgster: It is in pracht stik. Geweldich spile. In oanrieder.
In taskôgster:
Dach Jan, Marijke en Anke,
Ik wol jim graach betanke foar de prachtige jûn dy’t wy (in freondinne en ik) yn Heech hân hawwe. Wat meitsje jim in protte los mei jim stik en wat wurde jo tige hin en wer slingere: dan wer laitsje, dan wer by de strot pakt wurde troch in tige oangripende sêne. Ferwarring by tiden ek: wa wit wat? En boppe alles: wat is de taal genietsjen – dûbbelsinnichheden, djippere lagen…. Moai!
Yn it skoft ûntdutsen wy pas dat wy reservearre plakken op de earste rij hiene. It twadde part sieten wy boppe op jim: komplimint foar Arjen van der Grijn, want do seachst der oprjocht siik út, Marijke. Klopt it dat de wimpers en wenkbrauwen fuort schminkt wiene?
Hoe dan ek: tankewol en goeie foarstellings tawinske!
PS wat geweldich dat Arthur Japin der yn Snits by wie! Wat fûn hy der fan?
Twa taskôgers: Wát in prachtige foarstelling sjoen yn Jirnsum! Skitterende opbou, in protte humor foar de pauze en dan oan de ein… pikefel! En wat geweldich spile Marijke, alle trije fansels, mar wy wiene bot ûnder de yndruk fan dy.
Wy wiene mei syn tolven, dat we koene net bliuwe om even nei te praten.
Hoopje Jim gauris wer te treffen.
Golle groetnis
In taskôgster: Bewûndering foar jim yndrukwekkend spyljen!
In taskôgster: Jan Marijke en Anke. Bedankt foar de moaie en ontroerende foarstelling dy at jim spile ha yn Bitgummole. It wie wer wat we fan jim wend binne en foaral dat jim yn de “lytse” theaters yn Fryslân spylje docht my altyd goed.
In taskôger: Geweldich moaie foarstelling. Jim meitsje in gjalpend gat ticht dat Tryater lizze lit…. Graach mear fan dit soart teaterwurk. Skitterjend.
De stipe foar it meitsjen en spyljen
Dizze foarstelling waard mooglik troch de stipe fan:
Stichting Van Teyens Fundatie,
Stichting tot Steun Maatschappelijke Dienstverlening Zuidwest Friesland,
Stichting Jonkvrouwe J.E.J. Bas Backer,
Emmaplein Foundation,
Boersma Adema Stichting,
Van der Meer-Boerema Stichting,
Julia Jan Wouters Stichting,
Fonds de Lege Knip,
Sint Anthony Gasthuis Fonds,
Feitsma Fûns Fwar it Frysk,
Gemeente Noardeast-Fryslân,
Gemeente Achtkarspelen,
Fonds Bolsward Dronrijp 1993,
Gemeente Heerenveen,
Gemeente De Fryske Marren,
Stichting Westermeer,
Douwe Kalma Stifting,
Stichting Het Olde Burger Weeshuis Sneek
Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis Leeuwarden
Boelstra Olivier Stichting
Gemeente Súdwest-Fryslân
Gemeente Ljouwert
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel