Loading Events
It
Martinikerk

Easterein

11 april 2025 - 20:00

Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje tegearre mei musikant Tseard Nauta en in koar ûnder lieding fan Sjoukje Heins-Scheltema fan 10 april ôf de nije foarstelling It Spoar Werom, basearre op it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong.

De foarstelling giet oer Abel, in Joadsk jonkje dat yn 1940 berne wurdt en op 2-jierrige leeftyd ûnderdûkt om te ûntkommen oan de oarloch. Syn âlders belove him dat se him sa gau mooglik ophelje sille, mar Abel wurdt noait werienige mei harren. As folwoeksenen giet hy op syk nei it ferhaal fan syn âlders: It Spoar Werom. In emosjonele syktocht fol dramatyske mominten, basearre op wier barde foarfallen.

It Spoar Werom is in unike foarstelling mei muzyk fan Tseard Nauta en in koar ûnder lieding fan Sjoukje Heins-Scheltema. It stik wurdt opfierd yn de histoaryske Martinitsjerke fan Easterein, in lokaasje dy’t djip ferbûn is mei it tema fan de foarstelling.

It doarp Easterein sil aktyf meidwaan oan dit barren mei meiwurking fan ferskate organisaasjes, ynklusyf Doarpsbelang, de Oranjeferiening, de Toanielferiening, it Korps, kafee Bergsma en de basisskoalle. Mei harren ynset wurdt It Spoar Werom in ûnferjitlike ûnderfining foar de hiele mienskip.

As ekstra kinne besikers in itentsje bestelle by kafee Bergsma. Dit kin nei de middeisfoarstelling of foar de jûnsfoarstelling, om it teaterútstapke kompleet te meitsjen.

Spylperioade: 10 april oant en mei 11 maaie 2025, mei foarstellingen sawol yn ‘e middei as yn ‘e jûntiid. Kaarten binne fan 1 novimber ôf te keap op úse side.

Tickets

The numbers below include tickets for this event already in your cart. Clicking "Get Tickets" will allow you to edit any existing attendee information as well as change ticket quantities.
Tickets will be available on 1 novimber 2024

It Spoar Werom – 11 april 2025 – Juntiid

Datum:
11 april 2025
Tiid:
20:00 - 22:00
Event Tags:
, , , , , , ,

Lokaasje

Martinikerk
Tsjerkebuorren 2
Easterein, Fryslân 8734 GX
+ Google Map
© Copyright JM Teaterwurk 2024