Jan Arendz as kwismaster

De legindaryske kaviarace, út in telefyzjeprogramma mei Fred Oster fan 40 jier lyn, komt werom op telefyzje en wol by Omrop Fryslân yn in nije foarm. Fan freed 8 septimber ôf foarsizze kavia’s alle wiken de fuotbalwedstriden fan SC Hearrenfean en SC Cambuur yn Fryslân Hjoed. Dit programmaûnderdiel fan Fryslân Hjoed is basearre op dat spultsje.

Alle kavia’s hawwe in namme fan in bekende Fries, lykas Foppe de Haan, Piet Paulusma en Eelke Lok. In spiler fan de fuotbalklup kiest ien fan de kavia’s. Dan wurde de kavia’s loslitten yn de bak. Yn de bak sitte allegearre fakjes mei in einstân derboppe. It fakje dêr’t de kavia fan de klup ynrint, is de einstân fan de wedstriid. Akteur Jan Arendz is de kwismaster fan it spultsje. (Berjocht en foto Omrop Fryslân)