Jierferslagen 2016-2017-2018-2019-2020-2021

Jierferslach 2016

Algemien

Yn 2016 hat it bestjoer 3 kear in gearkomste belein en is it bestjoer noch mei elkoar út iten west en is ôfskied nommen fan de ponghâlder. Yn 2016 is dhr. T. Stoker stopte als ponghâlder fan de Stichting en is opfolge troch dhr. F. Kooistra. Yn de gearkomsten komme de rinnende projekten alle kearen oan ‘e oarder en wurdt per projekt de finansjele stân fan saken oanjûn.

Yn 2016 binne de earste tariedingen makke foar de foarstelling ‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’. Dizze foarstelling sil opfierd wurde yn de perioade oktober 2017- jannewaris 2018 en is in reisfoarstelling.

Omdat J&Mteaterwurk twa oarlochsfoarstellingen makke hat en dizze produksjes oanslaan by it publyk wurdt de mooglikheid ûndersocht om noch in foarstelling te meitsjen oer de oarloch en dan dizze kear oer in omstriden fersetsheld.

Projekt ‘Skûlje yn Jorwert’

De foarstelling waard skreaun troch Jan Arendz en Marijke Geertsma nei oanlieding fan it boek: ‘Nachtboek van een kerkuil’, Dit deiboek is skreaun troch Bas van Gelder dy’t dominy yn Jorwert wie fan 1940 oant en mei 1945. Dizze dominy siet ûnderdûkt yn syn eigen tsjerke, mar op âldjiersjûn 1944, as hy sels dochs de preek hâlde wol, wurdt hy oppakt en belânet yn ‘e finzenis fan Ljouwert.

Foar de foarstelling wie der in lytse kuiertocht troch Jorwert. Foar dizze kuiertocht wiene in 40-tal frijwilligers yn’t spier. Ek wie der in eksposysje opnommen yn de kuiertocht. Nei de foarstelling wiene de wurkstikken fan de basisskoalle te bewûnderjen, dy’t nei in yntroduksje fan de akteurs mei it tema oarloch en frede wurke ha.

De foarstelling waard spile troch Jan Arendz, dy’t de dominy spile, en Marijke Geertsma en Wybe Koldyk, dy’t alle byrollen spilen. De regy wie wer yn hannen fan Bruun Kuijt en de technyk waard fersoarge troch Wouter van der Wal. Ferskate subsidiïnten wiene oanskreaun foar in finansjele bydrage oan dizze produksje en in grut tal oanfragen binne honorearre.

By it opstellen fan de begrutting waard rekken hâlden mei 31 foarstellingen, mei gemiddeld 75 besikers It wurklik tal foarstellingen wie 40, wêrfan de measte foarstellingen folslein útferkocht wiene. Yn totaal kamen der mear als 3.400 besikers. Dizze produksje koe dan ek mei in posityf saldo fan € 1000,- ôfsletten wurde.

Der wurdt besletten om yn 2017 noch in 10 tal foarstellingen fan ‘Skûlje yn Jorwert’ te spyljen.

Projekt ‘It Jubileum’

Yn 2016 is dizze produksje (op fersyk) noch twa kear spile. Dat wiene tagelyk de alderlêste Jubileumfoarstelling en dizze produksje wurdt no net mear spile.

Freonen

It tal Freonen is yn 2016 wer in fierder groeid. De Freonen stypje mei in finansjele bydrage de Stichting J&Mteaterwurk. Foar harren is op 29 maaie 2016 in ‘Freonemiddei’ organisearre. Yn totaal wiene der ûngefear 100 Freonen en frijwilligers en der is mei harren werom sjoen nei it ôfrûne jier en foarút sjoen nei it (de) kommende jier(ren).

Beste J&Mteaterwurk

NB: Sjoch foar de finansjele ferantwurding de Nederlânske side fan it jierferslach.


Jierferslach 2017

Algemien

Yn 2017 hoed het bestjoer 4 kear byinoar west. In fêst agindapunt bliuwt de jildlike situaasje, dêrby wurdt tagelyk de stân fan saken besprutsen fan de rinnende projekten, mar ek wat der fierder op it mêd fan kulturele ûntwikkelingen dwaande is en de sponsoring. Marijke en Jan ha harren ek yn 2017 wer bot ynspand foar de Stichting om der wer in goed jier fan te meitsjen. De takomst sjocht it bestjoer dan ek posityf temjitte.

Het Jubileum

De rige foarstellingen fan ‘It Jubileum’ hat foaral spile yn it jier 2014 en 2015. De measte foarstellingen binne spile yn 2014 doe’t de foarstelling yn premjêre gong. De lêste foarstelling waard lykwols noch yn 2017 spile (yn Wynjewâld.) Yn totaal waarden der 72 foarstellingen fan ‘It Jubileum’ spile en der kamen mear as 7000 minsken op ôf.

Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018

Omdat 2018 Ljouwert Culturele Hoofdstad wurdt, is J&M teaterwurk yn 2017 útkaam mei in produksje dy’t nau gearhinget mei dit gegeven. ‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018’ is in foarstelling dy’t ynspirearre is op Ljouwert Culturele Hoofstad 2018 en op Bokwert: in fiktyf doarp yn Fryslân. Dat bekend wurden is út de satiryske kursyfkes dy’t tusken oktober 1970 en april 1992 alle wiken yn de Leeuwarder Courant stiene, skreaun troch Rink van der Velde. Bonne Stienstra, ek bekend fan de L.C., is frege om de foarstelling te skriuwen. De foarstelling is spile troch Jan Arendz en Marijke Geertsma en gastspylster Anneke Hondema. De foarstelling gong op 7 oktober yn premjêre en sil ek yn 2018 noch yn it earste kwartaal trochspile wurde.

Skûlje yn Jorwert

Omdat de foarstelling ‘Skûlje yn Jorwert’ yn april en maaie 2016 sa’n grut sukses wie is der yn april/ maaie 2017 noch in reprize west fan 10 foarstellingen. Ek dizze 10 foarstellingen wiene allegearre útferkocht.

Freonen fan J&M

De Freonen fan J&Mteaterwurk zit in frij fêste groep. Fansels moat der soms ôfskied nommen wurde fan Freonen, mar ek komme der noch altyd nije Freonen by. J&M teaterwurk is dan ek tige bliid mei dizze stipers.

Beste J&Mteaterwurk

NB: Sjoch foar de finansjele ferantwurding de Nederlânske side fan it jierferslach.


Jierferslach 2018

Algemien

Yn it jier 2018 is it bestjoer fan J&M teaterwurk 3 kear gearkommen en in kear út iten west om ôfskied te nimmen fan bestjoerslid Bonne Talsma. Henk Postma is ree om in sit yn it bestjoer te nimmen en wurdt tagelyk sekretaris. Wietz Wiersma wurdt algemien lid.Trochdat J&M teaterwurk gjin nije produksje op steapel hat fanwegen Leeuwarden Culturele Hoofdstad 2018 en der al genôch te dwaan wie op kultureel mêd, waard der ien gearkomste trochskoot nei 2019.

Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018

‘Bokwert Kulturele Hoofdplaats’ waard ek yn it earste kwartaal fan 2018 noch trochspile. Hoewol it de bedoeling wie om de lêste foarstelling yn it iepeningswykein fan de Culturele Hoofdstad te spyljen waard der troch de folle ekstra oanfragen noch trochspile oant en mei maart. Yn totaal waarden der 32 foarstellingen spile mei mear as 6000 besikers. Dizze foarstelling waard dan ek hiel posityf ôfsluten.

De man fan dyn libben

Yn 2017 hat J&Mteaterwurk de rjochten krigen fan de foarstelling ‘De man van je leven’ fan Arthur Japin. ‘De man van je leven’ is in boek skreaun troch Arthur Japin en letter bewurke ta in toanielfoarstelling. De fertaling is makke troch Marijke Geertsma en sil spile wurde troch Jan Arendz, Marijke Geertsma en gastspylster Anke Bijlsma. De regy is sa as elke eardere foarstelling yn hannen fan Bruun Kuijt en de foarstelling sil yn oktober 2019 yn premjêre gean.

Freonen en frijwilligers

J&Mteaterwurk hat in grutte groep ‘Freonen’ en frijwilligers. Dat is wat om bliid mei te wêzen en ek om grutsk op te wêzen. Yn 2018 waard der spesjaal foar de Freonen in sneintemiddei organisearre yn Ysbrechtum mei muzyk en waarden de Freonen bypraat oer it ôfrûne jier en waarden de plannen foar it kommende jier út de doeken dien. It wie in tige slagge ‘Freonefeest.’ Foar de frijwilligers dy’t altyd ree binne om te helpen mei aktiviteiten fan J&Mteaterwurk waard in rûnfeart mei iten organisearre. Ek waard in frijwilliger ree fûn om de muzikale omlisting te fersoargjen. Elkenien hie in prachtjûn en de frijwilligers fine it hiel moai, dat harren help sa wurdearre waard.

Bestjoer J&Mteaterwurk

NB: Sjoch foar de finansjele ferantwurding de Nederlânske side fan it jierferslach.

 

Jierferslach 2019

Yn it jier 2019 hat it bestjoer 3 kear by elkoar west en in kear út iten om ôfskied te nimmen fan ús foarsitter Lutz Jacobi. Henk Postma is ree om de foarsittershammer oer te nimmen. Dêrtroch giet it sekretariaat wer werom nei Wietz Wiersma. Der wurdt besluten om it bestjoer yn de takomst bestean te litten út 3 persoanen ynstee fan 4, te witten: foarsitter, sekretaris en ponghâlder.

Foarstelling De man fan dyn libben

Yn 2017 hat J&M Teaterwurk de rjochten krigen fan de foarstelling ‘De man van je leven’ fan Arthur Japin.
Dit oarspronklike teaterstik is earst bewurke ta in boek troch Japin sûnder dat it earst spile wie. Neidat it yn boekfoarm útjûn wie, hat Japin it boek wer bewurke ta in teaterfoarstelling. De oersetting nei it Frysk is dien troch Marijke Geertsma en wurde spile troch Jan Arendz en Marijke Geertsma mei as gastspylster Anke Bijlsma. De regy wie krekt as alle eardere foarstellings fan J&M Teaterwurk yn hannen fan Bruun Kuijt.

De foarstelling gie op 11 oktober 2019 yn premjêre yn de skouwboarch yn’t Hearrenfeean. De lêtste foarstelling wie op 1 maart 2020 yn de grutte seal fan de Harmonie te Ljouwert. Krekt foardat de skouburgen ticht giene i.f.m. it Covid-19 firus. Goed 8300 minsken ha genietsje kinnen fan de foarstelling.

De foarstelling wie hiel bysûnder; troch de humor koe der in protte lake wurde troch it publyk, mar taaste de foarstelling de minsken ek bot yn it moed.De werkenberheid fan it probleem fan it  personaazje, dat slim siik is en net better kin, mar dochs op syk giet nei in nije partner foar har man wie grut.

Op snein 3 novimber kaam Arthur Japin nei Snits nei de foarstelling en hy wie bot ûnder de yndruk fan dizze Fryske ‘De man fan dyn libben.’

Freonen en frijwilligers

J&M Teaterwurk hat in grutte groep ‘Freonen’ en frijwilligers. Dat is wat om bliid mei te wêzen en ek om grutsk op te wêzen. Sy binne dan ek allegearre útnoege om in try-out fan De man fan dyn libben  by te wenjen yn de Teatertsjerke fan Nes. Dêr’t ek de repetysjes wiene en dêr’t Anke Bijlsma de direkteur fan is. Kommend seizoen 2020-2021 sil der wer in grut berop dien wurde op de frijwilligers om ús by te stean by de foarstelling Echt Wier! In nij troch Bonne Stienstra te skriuwen stik en mei meiwurking fan Frâns Faber (muzikant, tekener en yllustrator).

Bestjoer J&Mteaterwurk

NB: Sjoch foar de finansjele ferantwurding de Nederlânsktalige side fan it jierferslach.

 

Jierferslach 2020

Noch krekt yn maart 2020 koe it bestjoer bij elkoar komme. 12 Maart gie de earst lockdown yn en lei alles stil. Yn septimber, doe’t it wer mooglik wie, hat it bestjoer nochris byelkoar west. Sekretaris Wietz Wiersma soe ophâlde, mar troch de koronapandemie wie sy ree om noch in skoftke langer har funksje yn it bestjoer oan te hâlden.

De man fan dyn libben

Yn de moannen jannewaris, febrewaris is de foarstelling de “Man fan dyn libben” noch rûnom spile yn de provinsje. Op 1 maart koe noch krekt foar de pandemie de tournee ôfsleten wurde. In prachtige foarstelling dy’t fan de middenseal nei de grutte seal ferpleatst wie fanwege de grutte belangstelling! Ofskie fan in prachtige foarstelling dy’t rekkenje koe op in grutte publike belangstelling.

Echt Wier!

Fuort nei de lêste foarstelling fan “De man fan dyn libben” setten de rippetysje fan “Echt Wier!” útein. Twa wiken intensyf wurkje mei de nije tekst fan Bonne Stienstra. Mar troch de korona giene de doarren fan de doarpshuzen op slot en wie it dien mei de repetysjes. It skriuwproces gie troch, mar yn maaie waard de tour, dy’t pland stie foar oktober 2020 foar de sekerheid ferskoot nei jannewaris 2021.
Doe’t ein 2020 bliken die dat de foarstelling ek net spile wurde koe yn jannewaris 2021, is de tour ferskoot nei jannewaris o/m april 2022.
Dat hiele fierdere jier wie it net mooglik om te spyljen.

De freonen en frijwilligers

De freonen libben bot mei, no’t de omstannichheden sa wiene dat der gjin foarstellings mear spile wurde koene. De frijwilligers koene krekt as de spilers neat útrjochtsje. Sy stipen wêr mooglik.
Wol binne ús freonen ûntfallen. 

Bestjoer J&Mteaterwurk

NB: Sjoch foar de finansjele ferantwurding de Nederlânsktalige side fan de jierferslaggen.

 

Jierferslach 2021

De korona wol him mar net deljaan. Soms is der wer wat romte en meie der 30 minsken by in foarstelling, mar foar J&MTeaterwurk net helber
It bestjoer komt dit jier 1 keer byelkoar. Der wurdt ûnderling wol belle mar elk is fersichtich.
Echt Wier!
Dit jier kin “Echt Wier!”net spile wurde. De tour sil pas yn jannewaris 2022 úteinsette.
Freonen en frijwilligers
Alles stiet yn ‘e wacht. Der wurdt útsjoen nei de tiid dat der wer spile wurde kin. Hooplijk kinne de foarstellings op 7 jannewaris 2022 útein sette.

Bestjoer J&Mteaterwurk

NB: Sjoch foar de finansjele ferantwurding de Nederlânsktalige side fan it jierferslach.