J&MTeaterwurk en de privacy

Bêste lêzers,
Sa no en dan krije jimme de Nijsbrief fan J&Mteaterwurk mei ynformaasje oer ús toanielbarren.Wy stjoere dizze mails, omdat jim ynteressearre binne yn ús toanielaktiviteiten en/ of omdat wy elkoar by foarstellings tsjinkommen binne. Guon fan jimme binne ek freon fan ús wurden. Derfoar hawwe jimme ús gegevens jûn yn it betrouwen dat wy dy net foar in oar doel as de administraasje fan ús freonegroep brûke. Dat betrouwen sille wy net beskamje,It kin wêze dat jo de Nijsbrief leaver net mear krije wolle.Foar ús spitich, mar dêr ha wy begryp foar en dan sille wy oan jo winsk temjitte komme.Soene jo ús dan in koart mailtsje stjoere wolle? Dat kin nei  jmteaterwurk@hotmail.com
Kin alles by it âlde bliuwe? Dan hoege jo/ jimme neat te dwaan.

Groetnis Jan en Marijke