Yn desimber 2012 ha Jan en Marijke nei 38 jier ôfskie nommen fan Tryater en yn 2014 is it 40 jier lyn dat sy de earste stappen op de Fryske beropstoanielplanken setten ha. Njonken kollega’s binne Jan en Marijke ek sawat like lang man en frou. Dizze foarstelling sil dan ek gean oer wat der sa al foarfalt yn it libben fan in akteursechtpear yn- en ek bûten de skynwerpers. Njonken in skat oan ynformaasje oer wat de akteurs op toanielmêd meimakke ha, sil de foarstelling ek gean oer de drokke wurksumheden mei bern. Ek komt it âlder wurden mei al syn feroarings oan ’e oarder. Dit allegear yn in Fryslân mei syn útsûnderlike kulturele lânskip.
‘It Jubileum’ giet oer it 60 jierrich jubileum fan in akteursechtpear yn Fryslân.
Yn de foarstelling ‘It Jubileum’ wolle Jan en Marijke net harren 40 jierrich jubileum, mar it 60 jierrich jubileum graach mei oare minsken fiere. Troch der noch 20 jier by te dwaan, ha se it net allinne oer har eigen ûnderfinings, mar litte sy ek noch it ljocht skine oer de kommende 20 jier, dêr’t noch gjin ien fan witte kin, hoe’t dy wêze sille…
‘It Jubileum’ waard skreaun troch Jan en Marijke en waard ek troch harren sels spile. De rezjy wie yn hannen fan Bruun Kuijt, dy’t ek ‘Sterk Staaltsje’ regissearre hat.