In wier bard ferhaal oer leafde en ferset yn Fryslân.
Oarlochstriennen is in foarstelling oer trije jonge froulju: Esmée van Eeghen, Joop van den Helm –Logtenberg en Antonette Jaakke. Se binne alle trije berne yn Amsterdam en sy komme yn de jierren ’40-‘45 nei Ljouwert ta. Jonge froulju fan respektivelik 22, 35 en 20 jier. Allegear op harren eigen wize belutsen by’t Ferset, is it de leafde foar in man dy’t harren nei Fryslân bringt. Joop is troud is mei Krijn van den Helm, dy’t op dat moment in belangrike spil is yn it Fryske Ferset. Wy folgje de ûntwikkelingen fan Antonette, Esmée en Joop. Trije libbenstriedden dy’t elkoar reitsje en dêrtroch in ûnûntkombere ynfloed ha op elkoars fierdere libben. Hoewol berne yn Amsterdam, binne de oarlochsjierren yn Fryslân bepalend foar de rest fan it libben fan dizze trije froulju.
Oarlochstriennen giet oer oarloch en frede, leafde en ferset, loyaliteit en ferrie, erchtinkendheid en eangst, moed en oergeunst. Hoe goed is goed en hoe min is min? Hoe bewust binne je fan wat je kieze? Oan wa bin je loyaal en oan wa net? Wat is ferrie? Moast dysels trou bliuwe of dy oar? Wat ha leafde en fertrouwen foar wearde?
Yn de foarstelling sjogge wy wat sy kieze: bewust of ûnbewust. Wy folgje harren libbens yn kronologyske folchoarder oan it ein fan harren libben ta. Wy sille ûntdekke, dat goed net altyd goed is en min net altyd allinne mar min.
Spilers
Marijke Geertsma spilet Joop van den Helm- Logtenberg. Marijke hat 38 jier as spylster yn fêste tsjinst west by Tryater. De meast útienrinnende rollen spile sy: û.o. Medea, Memmie-mem yn Pak’em Stanzi, de âldste dochter yn Kening Lear en wol sân ferskillende rollen yn Rake klappen.
Tet Rozendal spilet Esmée van Eeghen. Njonken it aktearjen, lykas koartlyn yn Hebeca, Tetman State en har eigen produksje It wûnder út’e Wâlden, is Tet ek presentatrise, koreograaf, dûnseres en sjongeres. Sy wie yn Fryslân te sjen as Marlène Dietrich en no hat se plannen om Mata Hari te spyljen yn in eigen produksje.
Astrid Reitsema spilet Antonette Jaakke. Njonken HBO dosint drama is Astrid ek spylster. Sy wie by Tryater û.o. te sjen yn: Peer Gynt op Oerol, De dea fan in hannelsreizger en Iensum yn Ierlân. Astrid is boppedat noch te sjen yn de tillefyzje searje I.K by Omrop Fryslân.
Haadpersoanen
Esmée van Eeghen:
Esmée, in famke út in ryk fermidden, komt troch har relaasje mei Henk Kluvers yn kontakt mei it Ferset. Om ûnderdak te regelen foar Amsterdamse studenten en Joaden komt se faak yn Fryslân en leart sy it Fryske Ferset kennen. Kluvers makket de ferkering út; mar Esmée bliuwt har ynsetten foar it Fryske Ferset. Sy wurdt de rjochterhân fan Krijn van den Helm, de man fan Joop.
Joop v.d. Helm-Logtenberg:
Joop Logtenberg leart Krijn van den Helm kennen yn Amersfoort wêr’t hy by de belestingtsjinst wurket. De belestingtsjinst wie faak in dekmantel foar it illegale wurk. Krijn wurket fan it begjin fan de oarloch ôf foar it Ferset. Hy wurdt oerpleatst nei Ljouwert. Joop bringt as koerierster distribúsjebonnen en oare saken yn ‘e bernewein te plak en hat thús de soarch foar twa Joadske famkes, dy’t by harren ûnderdûkt sitte.
Antonette Jaakke:
Antonette is as jongfaam ferkeapster yn Amsterdam en docht dêr oan it begjin fan de oarloch illegaal wurk foar it Ferset. Se rekket yn ferwachting fan in fersetsstrider. Mar de man blykt al troud te wêzen en hat ek al bern. As sy in moanne as fiif hinne is, wurdt sy op in jûn, as sy pamfletten rûnbringt, oppakt. Sy sit trije moanne yn ‘e finzenis “Oranjehotel” fan Skeveningen. As sy frij komt, siket se treast by de mannen. In Dútske offisier dy’t yn Ljouwert wennet jout har ûnderdak en wurk. Dêr komt sy Esmée van Eeghen tsjin.
Wier bard ferhaal
Oarlochstriennen is makke nei in idee en tekst fan TG.COM.PLOT fan Nana de Graaff, Rosa Evans-Knaup en Merel ten Elzen en is basearre op in wier bard ferhaal yn Fryslân en op besteande oarlochsdokumintaasje. Njonken it spyljen ûntwikkelt Marijke har hieltyd mear as skriuwer, oersetter en bewurker fan toanielteksten. By Tryater hat sy Leave jonge, in stik oer pedofily en Rake klappen, in stik oer húslik geweld, mei betocht, ûntwikkele en skreaun. Ferline jier wie Marijke Geertsma mei Jan Arendz te sjen yn it meielkoar betochte en skreaune teaterstik Sterk Staaltsje.
Regisseur: Jan Arendz
Njonken it jierrenlang spyljen hat Jan ek in protte rezjys dien: net allinne ferskate regys yn it amateurtoaniel, ek by Tryater hat hy û.o. Rake klappen en Milkshake foar God regisearre. Fan skriuwer Gerrit Breteler hat hy de stikken Oer him en Lier fan Tricht regissearre. Koartlyn is de foarstelling Wa is bang?, in bewurking fan Who’s afraid of Virginia Woolf ? by toanielselskip SULT yn première gien yn de rezjy fan Jan Arendz. Jan hat foar syn krewearjen foar it Fryske amateurtoaniel yn 2010 de provinsjale Pyt van der Zee-priis krigen.