Yn 2017 brocht J&Mteaterwurk nochris ‘Skûlje yn Jorwert’. In toanielfoarstelling nei oanlieding fan it boek ‘Nachtboek van een kerkuil’, skreaun troch Bas van Gelder. Yn april en maaie 2016 wie it in grut sukses, fandêr in ‘reprize…’
Bas van Gelder hat dûmny west yn Jorwert krekt yn de oarlochsjierren ‘40-’45. Hoewol it liket dat der yn Jorwert earst net folle fan de Dútske besetting te fernimmen is yn ferliking mei Leiden, dêr’t hy weikomt, ûntkomt ek Jorwert net oan de oarloch. De dûmny dy’t ûnderdûke moat ( yn syn eigen tsjerke), wurdt ferret en oppakt en komt yn de finzenis fan Ljouwert te lâne. Jorwert is in hecht doarp, mar ek yn dit doarp wenje njonken minsken, dy’t yn it ferset sitte, ek minsken dy’t de filosofy fan Hitler oanhingje. In lytse mienskip prachtich opservearre troch in dûmny dy’t fan bûten Fryslân yn Jorwert bedarret yn de oarlochsjierren, wêryn de eigenskippen fan de minsken harren krekt wat dúdliker ôftekenje.
Nei de ûntfangst mei kofje en tee yn kafee ‘It Wapen van Baarderadeel’ waard der in kuierke makke troch Jorwert, sadat elkenien in bytsje ynsjoch krije koe yn it doarp út dy jierren. Yn de kuier wie ek in eksposysje opnommen mei spesjaal materiaal út dy tiid. As min nei 3 kertier werom wie yn it kafee, naam de dûmny (Jan Arendz) publyk mei nei de tsjerke fan Jorwert foar de foarstelling.
Spyllist & Kaarten bestelle
Op de spyllist stiet de datum en de tiid fan oanfang mei dêrachter bestelle. As jo op bestelle klikke, kinne jo foar dy dei en dy tiid kaarten bestelle. Wolle jo mear as 1 kaart, dan kinne jo op it boppeste pylkje klikke.
As jo 20 kaarten ôf mear yn ien kear bestelle krije jo in koarting fan €1,- per kaartsje. Dêrfoar moatte jo de koade ynfulle: Nachtboek De kaarten kinne jo mei IDEAL betelje.
Jo krije dan in mail dy’t jo útprinte moatte en as tagongsbewiis meinimme nei de foarstelling.
Lunch of Diner
Wolle jo der in hiele moaie middei of jûn fan meitsje, dan kinne jo der ek noch by ite.
Yn it kafee “Het wapen van Baarderadeel “dêr’t ek de foarstelling begjint, kin fan tefoaren of nei ôfrin iten wurde. Emke Dijkstra ús gasthear makket in hearlik buffet. Jo kinne kieze út in lunch of in diner. Beide wurde yn buffetfoarm fersoarge.
De lunch is middeis om 12.30 oere, ynrin 12.00 oere en de lunch kostet €12,50. It diner is jûns om 17.30 oere, ynrin om 17.00 oere en it diner kostet €17,50.
As jo in kaartsje keapje, kinne jo by it ôfrekkenjen en it opjaan fan de namme, ek oanjaan of jo in lunch of diner ha wolle. Beteljen fan de lunch of it diner dogge jo nei it iten by gasthear Emke Dijkstra.