STERK STAALTSJE

In fertelfoarstelling fol ferhalen, anekdoates en grappen. In minske sit fol ferhalen; sels meimakke of bewarre troch oerlevering. Wier barde ferhalen, dy’t troch de fertellers faak noch mear kleur meikrije: sterke ferhalen of sterke staaltsjes.

Der hat in tiid west dat de minske net lêze en net skriuwe koe. Minsken fertelden mekoar ferhalen, dy’t dêrnei trochferteld waarden, Doe’t de ferhalen opskreaun waarden, ferskynden de earste boeken en sa koene de ferhalen bewarre bliuwe. Mar hoefolle ferhalen geane der ferlern, omt se net fêstlein binne… Jan en Marijke hawwe fan in soad minsken út hiel Fryslân bysûndere ferhalen heard en oanlevere krigen en fan dit moaie materiaal ha se tegearre ‘Sterk Staaltsje’ skreaun. ,,Wy wolle de krêft fan it ferhaal wer ta libben bringe en der mei oare fertellers foar soargje, dat dizze bysûndere folkskultuer bewarre bliuwt.”

Sy fertelle dizze ferhalen, anekdoates en grappen oan ’e taap fan it kafee of doarpshûs. Sterke staaltsjes om jin oer te ferwûnderjen, om by stil te stean, mar foaral ek om te laitsjen.

Safolle minsken, safolle ferhalen.
Ferhalen om te koesterjen.
Ferteld mei wurden, klanken en
sa no en dan stilte, sadat je
de waarmte fiele,
de kleuren sjogge,
de geuren rûke
en de muzyk hearre.
Salang’t der minsken binne, bliuwe der ferhalen.

MEIWURKERS

Jan en Marijke ha ‘Sterk Staaltsje’ ek spile yn 2011, doe noch yn tsjinst fan Tryater. Mei tank oan alle meiwurkers fan de earste searje ‘Sterk Staaltsje’ en fansels oan alle ferhalefertellers rûnom út Fryslân. Sterk Staaltsje kin noch spile wurde… Foar mear ynformaasje 06-44282677.

STERK STAALTSJE
Tekst en spilers: Jan Arendz en Marijke Geertsma
Rezjy: Bruun Kuijt
Kostúms: Lidwien van der Veer
Fotografy: Linus Harms
Untwerp affysje en flyer: Trijntje Stoker