Wêr “Echt Wier!” oer giet

It tema fan Echt wier! is: ‘de relaasje op lettere leeftyd.’
Ut ûndersyk docht bliken dat it persintaazje skiedingen fan minsken, dy’t langer as 30 jier troud binne, hieltyd grutter wurdt.
Minsken kieze der faker foar om út it houliksboatsje te stappen foar nij gelok en om op nij te begjinnen. Hiene earder generaasjes faaks mear plichtsbesef en de wil om it houlik te rêden? Wie it wichtiger om in goeie echtgenoat te wêzen as te skieden op lettere leeftyd? Froulju wiene meatentiids thús, mannen fertjinnen de kost. De measte froulju skikten har nei de man. Boppedat wiene troude stellen eartiids ek mear en faker ekonomysk oan elkoar ferbûn.
Tsjintwurdich ha frouen en mannen mear harren eigen libben, nei ’t pensjoen komme je tegearre thús te sitten en moatte jo in nij paad fine om de tiid mei elkoar te ( fer)dielen. Neidat der jierren wurke is, is it faaks wennen as je dat wurkritme kwyt rekke binne. Ek it kontakt mei kollega’s en de foldwanning dy’st út dyn wurk hellest kinst fansels bot misse.
Nei oanlieding fan de Coronakrisis blykt hoe grut it berop is, dat der dien wurdt op minsken, dy’t  (fan needs) thús komme te sitten en (ynienen) mear tiid mei elkoar trochbringe moatte en dêrtroch útfine moatte, hoe’t sy dizze tiid op’e nij ferdiele.
Dan blykt ynienen, dat dit no net allinne in pensjoensprobleem is, mar dat troch de feroare sitewaasje troch it Coronafirus it probleem him ek foardocht op alle oare leeftiden en yn alle lagen fan de befolking.