Aktrise

Aktrise Marijke Geertsma waard ôfwiisd foar de toanielskoalle: “Der binne oare paden om dyn doel te berikken”

Aktrise Marijke Geertsma waard ôfwiisd foar de toanielskoalle: “Der binne oare paden om dyn doel te berikken”

Aktrise Marijke Geertsma stiet al mear as fyftich jier op de planken as profesjoneel aktrise. En dat wylst se ôfwiisd waard foar de toanielskoalle. Se kin har oergryslik fêstbite as se earne fan oertsjûge is. Dêrtroch hat se altyd trochwurkje kinnen, ek doe’t se yn de lytse bern siet.
“Jubbegea sizze wy hjir, hear”, laket Geertsma as wy foar har bertehûs yn Jobbegea stean. “Yn it Frysk is it wol Jobbegea mei in o, mar dat sizze wy hjir net.”
Oant har njoggentjinde wenne de aktrise yn Jobbegea Tredde Slûs, hoewol’t dat net in offisjele plaknamme is. Geertsma is de lêste fan in gesin fan acht bern: twa jonges en seis famkes. “Wy hiene in lytse ‘Auke Rauwerda-achtige’ winkel. Dy bestierde ús mem en ús heit wurke by de post.”

It folsleine artikel is te lêzen op de side fan Omrop Fryslân. Klik hjir om fierder te lêzen.

© Copyright JM Teaterwurk 2024