Oer de skriuwer
Yn it wurk fan Peer Wittenbols (1965) stiet it ûneindige gewraksel en gedoch fan hiel minslike personaasjes sintraal. Trageedzje en komeedzje skuorje tsjin elkoar, wêrtroch personaazjes te sjen binne mei in protte herkenberheid en djipte.
Al pratende besykje sy grip te krijen of te hâlden op harren ûnfolsleine bestean.
De personaazjes binne net sa sear frustrearre as wol behoarlik wanhopich en bestoke elkoar mei wierheden, oer fêst hâlde wolle mar tagelyk los brekke wolle, oer de krêft en ferstikking fan de bannen fan famylje, freonskip en relaasjes en oer persoanlike ambysjes fersus ferantwurdlikheidsbesef.
It ferhaal fan HULDE!
Geartsje en Arend binne sechtich jier troud, dus hieper-de-piep hoera, dat moat
fansels fierd wurde, no’t dat noch kin.
Wannear sy yn it hierde sealtsje binne, sjonge de bern en bernsbern harren ta
en dogge it ABC fan it libben.
Nei sechstich jier is der fansels hiel wat om op werom te sjen. It stel hat tegearre hiel wat meimakke, fan historyske bewegingen oant en mei persoanlike drama’s.
En mei tank tank oan de bern en bernsbern komme al dy oantinkens wer ta libben.
Dat bringt Arend en Geartsje werom yn de tiid fan doe’t se jong wiene en elkoar foar it earst seagen De earste tút, de rôze wolk mar ek de kreamtriennen, de ferhuzing, ûntslach en sykte. Flower power, frije seks, it lege-nestsyndroom, ûntslach en sykte dy’t slûpende wei samar tusken je yn stean kin. En sa glidet it hiele libben foarby mei dêrby de muzyk fan dy tiid dy’t dêr by hearde
Tegearre mei Geartsje en Arend dwaalt it publlyk troch it doalhof fan it libben en ûnthâld. Al dy oantinkens rinne fansels lykop mei in protte selsrefleksje.
Binne sy wol sa gelokkich as sy tinke? Soene sy saken oars dwaan as sy werom koene yn de tiid? En hoe soe harren libben der út sjoen ha, as sy oare keuzes makke hiene?
“HULDE! sit fol romantyk, drama en humor, mar foaral in hiele protte wurklikheid…”

De premjêre fan Hulde! is op 9 jannewaris 2027 op It Hearrenfean en
dêrnei rûnom yn de provinsje te sjen. ‘It is in feestje…’
Ynformaasje oer spylplakken, datums, tiden en om hoe kaarten te bestellen komt letter!
