Jan

Jan en Marijke yn tv-rige Kameleon

Jan en Marijke yn tv-rige Kameleon

Jan en Marijke fan JMTeaterwurk dogge mei yn de tv-rige Kameleon dy’t it oare jier te sjen is op de Publieke Omrop. Fan begjin april ôf wurde de 12 ôfleveringen útstjoerd op sneintemoarn om 9.00 uur op Z@pp NPO3.

Marijke is de frou fan it asylsikerssintrum en Jan sil troch it libben as boer Jellema, de baas fan Gerben Zonderland (in rol fan Cas Jansen). De opnamen wienen yn augustus, septimber en oktober yn Terherne, Lemmer en Sleat. De regy fan de rige die Steven de Jong.

Alles draait fansels om de twaling Hielke en Sietse en it ferhaal is basearre op de ferneamde boekenrige fan Hotze de Roos. Dizze rige is yn in hjoedeisk jaske stutsen.

Foar wa’t in “trailer” besjen wol: Foarútblik Kameleon-serie.

© Copyright JM Teaterwurk 2024