Thijs Meester is al jierren in bekend gesicht in de Fryske toanielwrâld.
Yn it teater spile hy yn ferskate musikals sa as Ciske de Rat en De Tocht.
Derneist yn in protte teaterprodukjes sa as It Kollumer oproer,
De Wylde Boerinne en Smokkelbern. Hy is ek te sjen yn films.
De lêste film Skuld is útroppen ta bêste koarte film op it Noardlik Film Festival.
Syn grutste priis is ‘De Circom’, in Europeeske tv-priis dy’t er wûn mei de bernesearje Kening hert, dy’t útstjoerd waard troch Omrop Fryslân.
Yn 2021 makke Thijs syn earste solofoarstelling Mens erger je niet.