Oanlieding om de foarstelling It spoar werom te spyljen wie de 80 jierrige befrijing.
Yn 2019 waard it boek ‘Had het anders gekund’ fan Abel de Jong útjûn.
De ynhâld fan it boek spruts de artistike kommisje fan Stichting J&M teaterwurk sa oan, dat besluten waard om it boek as útgongspunt te brûken foar de foarstelling It spoar werom.
Dat idee groeide út ta in grut projekt. Om de foarstelling yn in grutter perspektyf te setten, waard foar de lokaasje Easterein keazen. Hjir stiet in prachtige tsjerke en binnen in koarte ôfstân in kafee. Boppedat binne der yn de oarloch yn Easterein 3 minsken sneuvele en elk jier op 4 maaie wurde by it grêf of de plakette in krâns lein. Troch de foarstelling yn Easterein te spylen en tagelyk de omkommen minsken te earjen, ûntstie der in útsûnderlike gelegenheid om dit projekt tegearre mei it doarp te ûntwikkeljen.
En sa ûntstie der in unyk gearwurkingsproses tusken J&Mteaterwurk en it doarp Easterein.
Yntusken hat J&Mteaterwurk in rige fan 32 foarstellingen foar folwoeksenen spile en 5 foar middelbere skoallen. Mei nocht en wille sjocht J&Mteaterwurk werom op dizze sa bysûndere spylperioade. Mei dizze foarstellings ha wy rûn de 4.000 taskôgers helle.
Wêrfan in bytsje mear as 300 leerlingen.
Hoewol it altyd dreech bliuwt om skoallen motifearre te krijen foar foarstellingen, slagge it om 5 foarstellings te spyljen foar it middelber ûnderwiis. Earst wiene der yntroduksjelessen op skoalle jûn troch Jan en Marijke en gastspiler Thijs Meester. Mar der wie ek materiaal fan it 4 en 5 maaie kommitee dy’t spesiaal lesmateriaal ûntwikkele ha foar middelbere skoallen, wêr de leerkrêften fan de bypassende fakken mei oan de slach koene op skoalle.
Wy kinne stelle dat de foarstelling kwalitatyf fan in heech nivo wie.
Dit kaam mei troch de gearwurking mei koar en muzyk wêrtroch de tekst fan de foarstelling nei in noch heger nivo tild waard. De gearwurking mei Tseard Nauta en Sjoukje Heins- Scheltema wie rûnút geweldich. Tseard komponearre spesiaal foar dizze foarstelling muzyk. De muzyk dy’t spile waard troch Tseard en Sjoukje soarge foar in grutte yntinsivearring fan de foarstelling. De sjongteksten, dy’t Tseard ek skreau, binne fan in bysûndere kwaliteit. Sjoukje is in hiel beskieden persoan, dy’t in oergryslik protte yn har mars hat. Sy is akkuraat en hiel opbouwend yn har wize fan omgean mei minsken, om sa de kwaliteit omheech te krijen. Koartsein in feest om mei elkoar oan dizze produksje te wurkjen.
Trochdat Jan Arendz en Marijke Geertsma al hiel folle foarstellingen tegearre makke en spile ha, is der in geweldich goeie bân fan fertrouwen. Dat nimt elkenien mei yn it fertrouen dat alles úteinlik ek organisatoarysk goed komme sil.
De foarstelling It spoar werom wie yn alle opsichten in bysûnder projekt .
De gearwurking mei safolle ferskate dissiplines. De útsûnderlik lokaasje. De reaksjes fan it publyk. It faakst hearden wy nei ôfrin: “Yndrukwekkend en ontroerend, ik bin der stil fan, ik moat even bekomme…” In hiele protte minsken koene it ferhaal fan Sally de Jong net.
Der waard ek in oare kant beljochte fan de nasjonale oarlochshistoarikus Lou de Jong.
Wy binne grutsk mar foaral ek hiel tankber en wit hoe bliid mei it feit dat der safolle Fûnsen en Stichtingen fertrouwen ha yn Stichting J&Mteaterwurk en dat sy ree wiene finansjele stipe te jaan, sadat de plannen wurklikheid wurde koene.
Op 17 maaie wie der in algemiene feestlike ôfsluting yn kafee Bergsma. Fan de 120 frijwilligers wiene der ûngefear 100 dy’t it bywennen!
Genietsjend fan in bakje kofje en oranjekoeke waard by it íén en oar stilstien en waard elkenien betanke troch Jan Arendz en Marijke Geertsma.
Der waard ôfsluten mei it lied ‘We’ll meet again..’ en mei in roas as tank ôfskie nommen fan dizze geweldige groep minsken dy’t it mei mooglik makken om It spoar werom te realisearjen en der sa’n grut sukses fan te meitsjen.

In befêstiging, dat de foarstelling It spoar werom mear wie as allinne moai of goed, mar dat de foarstelling ek rekke en dingen losmakke is te lêzen yn inkele fan de protte reaksjes dy’t wy krigen.
