ANBI

ANBI

Beliedsplan Stichting J&Mteaterwurk

De Stichting hat as doel: It ta stân bringen en it útfieren fan kulturele foarstellings en ek it dwaan fan alle fierdere hannelingen dy’t mei it boppesteande yn de romste betsjutting gearhingje of dêrfoar geunstich wêze kinne. De Stichting besiket har doel ûnder mear stâl te jaan troch sa mooglik elts jier ien of mear foarstellings (ré) te meitsjen om útfieringen te dwaan. De Stichting makket dat de akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma harren ûnderfiningen brûke om teaterproduksjes te meitsjen, dy’t it publyk prikkelje sille. Arendz en Geertsma binne al hast 40 jier aktyf yn de Fryske toanielwrâld as akteur, regisseur, inisjatyfnimmer fan ferskate produksjes en alles wat der mei gear hinget. Jierrenlang yn fêste tsjinst as akteur en aktrise by de Fryske Toanielstifting Tryater, binne sy rûnom tige bekend wurden. De ‘know how’ dy’t beide akteurs hawwe, wurdt troch de Stichting ynset om de Fryske kulturele ûntjowings stimulearjen te bliuwen. Nettsjinsteande de besunigings yn de kulturele sektor fynt de Stichting, dat der wol deeglik in klimaat bestean bliuwt yn Fryslân om lytsskalige foarstellings te meitsjen dy’t ticht by de minsken stean.

It repertoir sil dan ek bestean út stikken dy’t spesjaal makke wurde foar de ferskate doelgroepen, altyd yn nau ferbân mei Fryslân en it Fryske publyk. De foarstellings dy’t makke wurde, sille altyd ûntstean út wat de gearstaller rekket, yn it moed taast en dwaande hâldt yn relaasje mei de Fryske kultuur, dy’t woartel sjitten hat yn de Fryske maatskippij. De foarstellings sille yn it Frysk spile wurde, mar as it nedich is ek yn de Nederlânske taal. Fryslân is in twatalige provinsje. Foar minsken fan bûten Fryslân, dy’t ynteresse ha foar in foarstelling, sille foar dizze gelegenheid de foarstelling, yn of bûten Fryslân, wis yn it Nederlânsk te sjen wêze. De foarstellings dy’t makke wurde troch J&Mteaterwurk sille foar ferskate leeftiden makke wurde. Sawol basisskoalle – as middelbare skoallelearlingen hearre by de doelgroep. Foarstellings sille plak fine yn û.o. doarpshúzen, kafees, skoallen, musea en skouboargen.

J&Mteaterwurk wol troch in teatrale belibbing de ferbylding yn it hert reitsje en troch dizze ferbylding mooglikheden spegelje en in oare wrâld sjen litte dan dy fan ús of troch ferbylding ús eigen wrâld sjen litte, mar dan oars of op ‘e nij beljochtsje en dêrtroch de besiker prikkelje en útdaagje om nei te tinken oer it ferbylde en de eigen belibbingswrâld en de ferbiningen dêr tusken.

Bestuursleden
Foarsitter– Henk Postma
Ponghâlder – Fokke Kooistra
Skriuwer – Ciska Reitsma

Beleanningsbelied bestjoersleden
Konform artikel 4,lid 5 krije de bestjoersleden gjin beleanning of útkearing foar harren wurk.Sy ha wol rjocht op fergoeding foar makke kosten tidens it útoefenjen fan harren funksje, as de ûnkostefergoeding net oermjittich is.

© Copyright JM Teaterwurk 2025