Jan

Jan en Marijke komme mei in nij stik: Fêste Grûn fan Tjeerd Bischoff.

Jan en Marijke komme mei in nij stik: Fêste Grûn fan Tjeerd Bischoff.

Mei de bekinde gitarist Eddie Mulder wurdt Fêste Grûn spile fan 18 oktober oant 4 maart 2024. Meielkoar sa’n 40 foarstellingen op ferskate plakken rûnom yn Fryslân. Sjoch op de aginda wêr, wannear, de tiid en hoe kaarten te bestellen. As ekstra binne dêr 6 foarstellingen yn It Lânboumuseum yn Ljouwert mei in rûnlieding.

Fêste Grûn is in herstochtelik fehaal oer leafde en feroaring.’

Renate, in sjoernaliste út ‘e stêd, krijt troch in ûngelok mei de auto kontakt mei Rein, in boer fan it plattelân.
Rein is widner en wrakselt mei de problematyk fan it hjoed-de-dei ‘boerwêzen’ en de opfolging fan de pleats, dy’t al generaasjes lang yn de famylje is.
Renate is troud en wrakselt mei de feroaringen yn har wurk en har thússituaasje.

‘Troch de eagen fan de oar sjogge sy op ‘e nij nei harren eigen libben’.

© Copyright JM Teaterwurk 2024