Wat

Wat stiet der op ‘e rails yn ‘e takomst.

Foar 2025 ha

Foar 2025 ha wy in hiel bysûnder projekt op priemmen

Yn 2025 is de betinking fan 80 jier nei 1945 en dêr wurdt rûnom yn Fryslân omtinken oan jûn en wy ha de rjochten krije kinnen fan it boek Had het anders gekund fan Abel de Jong.

It ferhaal:
Abel de Jong is de soan fan Sally de Jong, in twaillingbroer fan Lou de Jong.De skriuwer fan de boeken: Het Koninkrijk Der Nederlanden in de Tweede Wereldoorlog
Abel wurdt as 2 jierrich jonkje yn de oarloch nei in ûnderdûkadres brocht.
As folwoeksen man giet Abel op syk nei it ferhaal fan syn heit en mem, dy’t besykje as flechteling ûnderdak te finen, mar de oarloch net oerlibje.
Wat betsjut it om achter te bliuwen as bern nei it ferstjerren fan je âlders nei in oarloch.
Abel freget him ôf: “Hie it net oars kinnen?”
It boek is bewurke ta it prachtige ynkringend skript: IT SPOAR WEROM
In tige nijskjirrich ferhaal, dat foarm jûn wurdt troch 3 akteurs Jan, Thijs en Marijke. Dizze kear ûndersteunt en begeliedt Tseard Nauta de foarstelling muzikaal en fersoarget Sjoukje Heins- Scheltema de koarsangen.
Dit allegear yn oparbeidzjen mei Doarpsbelang, Oranjeferiening, Korps en de Toanielklup fan Easterein. En fansels net te ferjitten Kafee Bergsma.
Ek de basisskoalle fan Easterein hat dêr in oandiel yn.

It spilet him ôf op in prachtige lokaasje: De Martinitsjerke yn Easterein.
Spylperioade fan 10 april oant en mei 11 maaie, sawol op middei as ek op jûn.
De kaartferkeap giet los yn novimber. 
(Moai om as Sinterklaas- of Krystkadootsje te jaan fansels…)
Letter komt hjir mear ynformaasje oer, dus hâldt de webside yn ‘e gaten.

Parkear ynstruksje

Rûnom Bergsma Easterein is it lestich parkearen. Wol kinne passagiers dy’t muoite ha mei rinnen dêr ústappe. It parkearen fynt dêrnei plak op it grutte parkearterrein by it sportpark.

Fan it sportpark ôf wurdt de prachtige rinroute nei Bergsma Easterein oanjûn. It paad rint by de grêft lâns om de Pastorytún hinne, mei links it “Komelkershûs”. De grêft folgjend komme jo oer it brechje fan de Foarbuorren, en dan bin je sa by Bergsma Easterein.

Parkearadres foar de routeplanner: Stittenserleane 29, 8734 HC Easterein of Sporthal Easterein. 

Oanwizing foar minsken sûnder routeplanner:
Fanôf Wommels: Op de trijesprong by Bergsma links ôfslaan, nei 100 meter rjochtsôf slaan en de Stittenserleane ( en buordsjes Sporthal ) folgje oan’t it grutte Parkearterrein.

Fanôf Itens: Yn de beboude kom de 1-ste dyk links ôfslaan en de stittenserleane ( en buordsjes Sporthal ) folgje oan’t it grutte Parkearterrein.

Fanôf Hidaard: Troch it doarp ride foarby Bergsma, nei 100 meter rjochtsôf slaan en de Stittenserleane ( en buordsjes Sporthal ) folgje oan’t it grutte Parkearterrein.

Hjirûnder fine jo in kaart mei de ynstruksjes fan it rinpaad.

Wy hoopje jimme allegearre te sjen by alle moais dat wy jimme de kommende tiid biede kinne!

© Copyright JM Teaterwurk 2025