Wrâldpremjêre

Wrâldpremjêre Nei de dûns oerweldiget publyk

Wrâldpremjêre Nei de dûns oerweldiget publyk

Wrâldpremjêre Nei de dûns oerweldiget publyk op iepeningsjûn 40e Noordelijk Film Festival

Jûn is de 40e edysje fan it Noordelijk Film Festival feestlik iepene yn Stedsskouboarch De Harmonie Ljouwert. It publyk waard earst oerdondere troch it lytse, mar grutte drama Nei de Dûns dat syn wrâldpremjêre belibbe as foarfilm by it Sweedske SWOON. Regisseur Rutger Veenstra wûn yn 2018 de Filmkick Competitie mei syn filmplan en koe syn film realisearje mei it prizejild. De Fryske haadrolspilers Jan Arendz en Marijke Geertsma namen tegearre mei de hiele crew strieljend de blommen en in grut applaus yn ûntfangst yn de útferkochte Aegonseal. ( Foto Roelof Heida en parseberjocht Noordelijk Film Festival d.d. 7 novimber )
© Copyright JM Teaterwurk 2024